RIVM: 95 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 95 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 30 mear as tiisdei. Doe gie it om 65 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 88 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 90.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (17). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren (elts 11). Fjouwer gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Harns, Skiermûntseach, Skylge en Flylân.

Gjin nije stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wiene ek gjin nije Fryske sikehûsopnamen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.836. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.905 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.