Leppelbekken op Flylân krije efkes langer tiid om grutbrocht te wurden

Troch de kâlde, wiete en winige maitiid hawwe leppelbekken op Flylân in lang briedseizoen. De fûgels binne noch net klear mei it fersoargjen fan harren jongen. Steatsboskbehear hat besletten om it briedseizoen te ferlingjen oant 15 augustus.
Leppelbekken op Flylân (foaroan) © Shutterstock.com ( Kristel Segeren)
De leppelbekken briede op ferskate plakken op it eilân yn lytse koloanjes. By de neikontrôle fan dy koloanjes hat bliken dien dat net alle fûgels klear binne mei it fersoargjen fan de jongen. Trochdat de grûn te wiet wie, binne de fûgels op guon plakken ophâlden mei brieden en op heger lizzende dielen fierdergien. Dat hat tiid nedich, fertelt Carl Zuhorn, boskwachter op it eilân.
Steatsboskbehear hat stickers op de buorden by de gebieten plakt dat it briedseizoen yn plak fan oant 1 augustus no 15 augustus duorret, "zodat de vogels die er nu nog zitten, hun jongen op een rustige manier groot kunnen brengen", seit Zuhorn.
Carl Zuhorn, boskwachter op Flylân
Steatsboskbehear hâldt de fûgels en it briedgebiet goed yn de gaten. De natuerorganisaasje hopet dat de jonge leppelbekken no genôch rêst krije, sadat se ein augustus, begjin septimber wer nei it suden kinne. As de fûgels sa't it hjit 'fleanfluch' binne, kinne se oan de lange reis begjinne oer Frankryk, Spanje en Portugal nei Mauritanië yn Afrika.
Zuhorn hopet dat de minsken der begryp foar hawwe dat it briedgebiet wat langer ticht is foar publyk. "Bij excessen spreken we mensen aan. Willen ze niet luisteren, dan krijgen ze een bekeuring."