Mei in blyndoek troch de bosk om beammen oan te krûpen

Wa't dizze simmer troch de bosk kuieret by it besikerssintrum fan it Drents-Friese Wold by Appelskea, kin samar minsken tsjinkomme dy't mei in blyndoek op oan beammen fiele. It binne benammen bern dy't mei harren âlden meidogge oan wat net de meast populêre ekskurzje is, mar mooglik wol de meast nijsgjirrige.
In beam fiele en dêrnei sûnder blyndoek werom fine © Omrop Fryslân, Remco de Vries
'Kijken met je neus' hjit it en de dielnimmers wurde útdage om sawat alle sintugen yn te setten om de natuer om harren hinne te belibjen. "Misschien kunnen we naar een concert, maar dan moeten we wel tempo maken", fiteret gids Mariet Keuning út namme fan Steatsboskbehear de groep freonlik oan om fierder te rinnen.

Sintugen ynsette

Wannear't eltsenien fierderop klearstiet: "Wat ik jullie wil vragen is dat je even een plekje zoekt hier vlakbij in de buurt. En dat je even heel goed gaat luisteren. En soms helpt het als je goed wil luisteren dat je je ogen dicht doet. Het is net alsof je oren het dan beter doen."
Eltsenien docht wat der fan him of har frege wurdt. Se fertelle letter wat sy heard hawwe. "Ik heb een krekel gehoord en een vogel", seit in famke.

Beamkrûpbelibbing

Eltsenien is mei skoalfakânsje en Keuning wol de bern perfoarst net lestichfalle mei it yn 'e holle stampen fan natuerkennis. Dus belibje de bern de natuer troch der aktyf yn te wêzen. It fielen bart troch bern mei in blyndoek los te litten op in beam. Dêrnei wurde se trije kear yn'e rûnte draaid en moatte se dy beam sûnder blyndoek werom fine kinne.
Kleuren fine yn de bosk en sy dêrnei sjen litte © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Efkes fierderop krije de bern in bekerke útrikt om dêryn mei wat ynhâld út de bosk en wat stampen in eigen geurcocktail te meitsjen. Elts mei in namme betinke foar de eigen fynst wêrnei't de potsjes oer it skouder leechsmiten wurde.
Foar't je der erch yn hawwe, is der in oere foarby en kuieret de groep wer yn 'e rjochting fan it parkearplak, in ûnderfining yn de natuer riker.
Mei in blyndoek troch de bosk om beammen oan te krûpen