Liveblog
|
4 augustus 2021
PC-OERSJOCH: Van der Bos, Triemstra en Zijlstra winne de PC
Omrop Fryslân folge de hiele dei alles op en om it Sjûkelân, dêr't de 168e PC holden waard. Lês hjir alles werom.
Lêst bywurke: 12 augustus 2021, 11:10 oere
woansdei 4 augustus 2021
18:43
Ein fan de liveblog: Van der Bos, Triemstra en Zijlstra winne de 168e PC en Erwin Zijlstra is Kening
Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hawwe woansdei de 168e edysje fan de PC wûn. Op It Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy mei 5-2 6-6 te sterk foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei de huldiging waard Erwin Zijlstra ta Kening útroppen.
Lês hjir de earste reaksjes fan it winnende partoer:

17:17
De finale is úteinset
17:03
Foarsitter Hellinga, wa giet der winnen?
Foarsitter Ids Hellinga fan de PC doart him net te weagjen oan in foarsizzing oer de winner. "Sis it mar. Faak komme foarsizzingen net út. Wy hiene graach wol wat spannendere partijen sjen wollen, soks is fansels ôfhinklik fan de lotting. Mar ik tink wol dat wy in spannende finale te sjen krije."

Hellinga fynt dat de dei 'geweldich' ferrint. "Wy hiene yn 't foar de measte soargen oer de QR-koaden. Mar it is prachtich gien. Ik hear allinne mar positive lûden, ek fan de helptsjinsten. En de keatsers hawwe hjir al sa lang nei út sjoen."
16:42
Lêste finalepartoer bekend
Njonken it partoer fan Bergsma is ek it lêste finalistepartoer bekend. It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hat mei 5-3 6-6 wûn fan Paul Dijkstra, René de Haan en Gerben de Boer. It partoer fan Dijkstra focht noch troch oant de ein, mar kaam dochs tekoart.
Sa sjocht it spulskema der út krekt foar de finale (klik hjir foar de grutte ferzje):

16:34
Oanmoedigjen Drent mei de pet giet goed
Boargemaster Ina Sjerps is yntusken heas fan in oanmoedigjen fan keatser Dylan Drent, dy't út har gemeente Harns komt. Neffens Sjerps set sy mei alle leafde de pet op om de 'striid' tusken de buorgemeenten goed te meitsjen. "Bij elke wedstrijd die Dennis speelt, heb ik de pet op. Het gaat tot nu toe goed. Het is wel heel spannend, hoewel hij elke keer met grote overmacht wint."
16:14
De partoeren fan Dijkstra en Van der Bos keatse foar it lêste finaleplak:
16:04
tiisdei 3 augustus 2021