RIVM: 65 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 65 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 27 minder as moandei. Doe gie it om 92 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen in lytse 90 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 97.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Hearrenfean (12). Dêrnei komme De Fryske Marren (9), Ljouwert (7) en Smellingerlân (7). Fiif gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Flylân, Skiermûntseach, Amelân, Harns en Weststellingwerf.

Gjin nije stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wiene ek gjin nije Fryske sikehûsopnamen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.263. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 3.001 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.