Plysje Ljouwert: Wapen wie nep, fertochte (40) yn heup rekke

De man dy't oanholden is nei in sjitynsidint yn Ljouwert, hie in nepwapen by him. Dat meldt de plysje.
© CAMJO Media
Neffens de plysje wie it wapen 'net fan echt te ûnderskieden'. De man wurdt ferbean wapenbesit as lêst foarlein.
Meardere plysjeminsken ha op de man sketten. De fertochte is dêrby yn de heup rekke. Dat meldt de plysje.
De man is oanholden. It is in 40-jierrige ynwenner fan Ljouwert.

'Dreigende situatie'

Plysjes woene de man oanhâlde, neidat der in melding kaam wie oer in man mei in wapen, yn in hoarekasaak oan De Centale yn Ljouwert.
Neffens de plysje wie der in 'dreigende situatie' ûntstien, doe't de man in wenwyk yn flechte. Plysjeminsken raasden dat de man it wapen falle litte moast.
Sjoch nei de reportaazje:
"Tijdens een daaropvolgende achtervolging zien meerdere agenten zich genoodzaakt te schieten, om zo de verdachte tot stoppen te dwingen en aan te kunnen houden", meldt de plysje.

Yn petear

Plysjeminsken binne tiisdei yn de wyk, om mei buertbewenners yn petear te gean. "Wij begrijpen de impact die dit incident heeft gehad", seit de plysje.
De ryksresjerzje is dwaande mei ûndersyk nei de saak.