"Er zit opeens een kogelgat in mijn deur, en ik woon op vier hoog"

"Ik zit niet heel erg dicht bij de straat, dus het is wel bijzonder dat een kogel bij mij door de ramen komt." Dat seit Mark Vallinga. Hy wennet oan it Zuidvliet yn Ljouwert.
De lokale omrop LEO Middelsé wie by Vallinga thús.
Under op strjitte skeaten plysjeminsken op in fertochte. Vallinga wist op dat stuit net wat der oan de hân wie. Hy kaam krekt werom fan fakânsje.
"Je hoorde in de verte al wat knallen. Even later was ik in het keukentje, toen hoorde ik een flinke knal en een verbrijzelend raam."

'Een of andere idioot"

Hy hie net direkt yn de gaten dat de sitewaasje sa driigjend wie. "Het zal wel een vogel zijn of misschien één of andere idioot die met zijn luchtdrukpistool aan het oefenen was."
Vallinga belle wol mei de plysje. "Die zeiden: er is wel iets gaande in jouw straat, dus blijf binnen en blijf weg van de ramen. Dus dat heb ik gedaan."

"Ik woon op vier hoog"

Moarns hat er noch even bûtendoar sjoen. Op de matte fûn er in kûgel. De skutter soe 200 meter fierderop stien ha, by in rotonde by De Centrale.
"Het verbaast me dat die kogel zover gekomen is. Ik woon op vier hoog, dus ik zit niet heel erg echt dicht op de straat"