Alde loftferkearstoer fleanfjild Eelde wurdt tiny house yn Ljouwert
De Ljouwerter wyk Techum hat sûnt moandei in eigen loftferkearstoer. It is in projekt fan meubelmakker Ronald van der Zwaag. Hy kaam it gebou tsjin op Marktplaats en seach fuortendaliks in kâns. Mei in grutte kraan is it teplak set tusken de tiny houses yn de wyk.
Fan loftferkearstoer nei tiny house:
It giet om de âlde toer fan fleanfjild Eelde. Tiny liket it gebou op it earste gesicht net, de stielen konstruksje is 5,5 by 5,5 meter, mar net elkenien sjocht dat sa.
It âlde werom
Van der Zwaag: "Minsken hawwe al tsjin my sein dat sy hjir net iens har ûnderbroeken opbergje kinne, mar ik sjoch dat oars. As it echt lyts wêze soe, hie ik it net dien."
It gebou sels docht ek romtlik oan. Benammen de earste etaazje. "It âlde fan de toer komt hjir werom. Dat betsjut dus rûnom glês. Dat is oan beide kanten ek iepen te setten en dan hawwe je in grut terras."
Ynternetoankeap
Van der Zwaag kaam it tafallich tsjin op Marktplaats. "It stie yn Grinslân. Dêr waard it brûkt by Westergeest as kluphûs. It fertutearze wat en doe hawwe se it mar op ynternet set. Ik wie wat dwaande mei tiny houses en kaam it by tafal tsjin en tocht: dêr kinne je wol in moai hûs fan meitsje."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn petear mei Ronald van der Zwaag
Hy moast wol rap wêze, want yn Westergeest stiene sy op it punt 'm nei it âld izer te bringen. De lêste wiken is it opknapt en no stiet it yn Ljouwert. Foar de winter wol Van der Zwaag it wyn- en wetterticht hawwe.
It âlde karakter fan de toer bliuwt bewarre. Njonken de grutte ruten wol Van der Zwaag ek in wynsek op it dak pleatse.
