Kringloop Surhústerfean wer iepen nei wetterskea: "In bealch fol wurk"

Troch de reinbuien fan ôfrûne tiid kaam kringloopwinkel Pikulan yn Surhústerfean ûnder wetter te stean. De skea is grut. "Wy moasten de hiele flierbedekking derút helje. Dat is wol sa'n 1.000 kante meter. It siet fol mei wetter, ek in soad meubels koene fuort", fertelt bestjoerslid Akke Oosterga.
Snein twa wiken lyn kaam it bestjoer derefter dat der oer de hiele winkel wol tsien sintimeter wetter op de flier stie. "It wetter kaam fan twa kanten binnen, fan de Boekholstrjitte en fan De Dellen. It wie in grutte teloarstelling. As je it sa sjogge, tinke je: dit komt nea wer goed. Hoe moatte wy dat hawwe?"

Soad jild kwyt

It wie tige fertrietlik, seit Oosterga. "It is wer in bealch fol wurk. Der is al in wike oan ynkomsten ferlern gien, dus dat is al in grutte strop. Wy krije it guod fergees, wat der yn de winkel stiet, mar it opknappen fan de flier sil ús in protte jild kostje."
© RTV NOF, Gjaldau Sijtsma
Dochs binne de mouwen opstrûpt om it wetter fuort te krijen. "Wy hawwe hjir mei in ploech minsken dwaande west. Oerbuorlju en bern woene wol helpe. Mei trekkers hawwe wy de flier oer west. En nei moandei hawwe wy de hiele wike dwaande west mei de frijwilligers."

Meilibjen

De winkel is no wer iepen en it is fuortendaliks wer drok yn de kringloop fan Surhústerfean. "It sjocht der wer netsjes út, tocht ik. Dêr bin ik hartstikke bliid mei. Der kamen al in soad minsken om te freegjen oft wy wer iepen koene. De minsken libben allegearre mei ús mei."
Ferslachjouwer Gjaldau Sijtsma by kringloopwinkel Pikulan