De Fryske Marren komt mei spesjale amtner wentebou: "Stipe fan gemeente"

Yn De Fryske Marren komt der in spesjale 'amtner wenningbou.' In moasje fan CDA-riedslid Roel Roelevink krige stipe fan de folsleine ried. "Wy prate in soad mei minsken oer wenningbouprojekten. Der binne faak allerhanne plannen, mar it foel op dat de meiwurking fan de gemeent wol wat better koe." Dêrom wol de gemeente inisjatyfnimmers tenei better helpe en stimulearje.
It gemeentehûs fan De Fryske Marren op De Jouwer © Omrop Fryslân
"Faak waard der sein: it kin net, want dit en dat stiet yn 'e wei. De hertlike ûntfangst foel wolris wat ôf. Wat wy graach sjen wolle, is dat der meiwurking is om te sjen hoe't it dan wól kin," sa leit Roelevink út.

Pro-aktive amtner

Dêr komt dus in spesjale amtner foar. "Sa'n amtner moat net allinne sjen nei de besteande fraach, mar ek op syk gean nei lûden fan mienskippen dy't wol wenningbou ûntwikkelje wolle yn in doarp of stêd." De meiwurker moat dus pro-aktyf hannelje, sa't de gemeente stipe jaan kin yn it foarmjaan fan plannen.
It bliuwt sa dat de plannen út de mienskip wei komme moatte. "De gemeente pakt net de rol fan projektûntwikkelder op," seit Roelevink. Mar wat mear help is wolkom.

Leefbere mienskip hâlde

Der binne in soad regels om wenningbou hinne. Dat sil sa bliuwe, seit ek Roelevink. "En dêr binne inisjatyfnimmers har faak ek wol fan bewust. Mar de frijwilligers dy't har foar nije wenten ynsette, fertsjinje wol wat mear stipe út de gemeente wei. Wy wolle mei syn allen in leefbere mienskip. Dêr moatte je dan wat foar oer hawwe."
CDA-riedslid Roel Roelevink