Ald-Cambuurspiler Hoefdraad noch yn kritike tastân nei sjitynsidint

Ald-Cambuurspiler Jergé Hoefdraad leit noch yn kritike tastân yn it sikehûs nei in sjitynsidint yn in bedriuwsromte yn Amsterdam. Hoefdraad spile tusken 2015 en 2017 by SC Cambuur. De plysje makke moandei bekend dat Hoefdraad ferstoarn wêze soe, mar dat wie net sa. De plysje hat ekskuzen oanbean oan de famylje fan Hoefdraad foar de flater.
Jergé Hoefdraad yn 2016 by SC Cambuur © ANP
De fuotballer waard sneintemoarn delsketten, nei alle gedachten by in rûzje op in feest. Hoefdraad hat by ferskate klups spile, ûnder oare by Ajax, RKC Waalwijk, Telstar en Almere City.
De plysje is noch op syk nei tsjûgen fan it barren. De resjerzje docht mei klam in oprop oan de skutter om him te melden. De resjerzje tinkt yntusken te witten om wa't it giet.