"Provinsje moat yngripe by pompeblêden op reinbôgeflagge PC"

De Steatefraksje fan Forum voor Democratie fynt dat de provinsje it 'ynkorrekt brûken' fan de Fryske flagge ferbiede moat by Fryske eveneminten.
In Fryske reinbôgeflagge by de PC op It Sjûkelân © Omrop Fryslân
De partij tsjinnet in moasje yn, dêr't it provinsjebestjoer yn frege wurdt "organisaties van Friese evenementen te houden aan het correct gebruik van traditionele Friese symbolen (...) ten behoeve van de Friesche en nationale waarden en saamhorigheid."

Flagge op Sjûkelân

De moasje wurdt yntsjinne nei oanlieding fan de flagge dy't de organisaasje fan de PC ophongen hat op it Sjûkelân. It is in kombinaasje fan de reinbôgeflagge en de Fryske flagge. Sa wol it bestjoer sjen litte dat it keatsen foar elkenien is.
Neffens Forum binne der in protte Friezen dy't har net werkenne yn de flagge dy't no op it Sjûkelân hinget.

'Slop ôflûksel'

"De Fryske flagge is fan elkenien. Dêr wurdt no in slop ôflûksel fan makke, om ferbining út te strielen, en it tsjinoerstelde bart. Dizze flagge polarisearret", seit Albert van Dijk fan Forum.
De partij ropt it provinsjebestjoer op om organisaasjes fan eveneminten oan te sprekken, as se de flagge net korrekt brûke, en 'zo nodig maatregelen te treffen.'

'Statement is nedich'

Foarsitter Ids Hellinga fan de PC yn Frjentsjer lit witte dat it feit dat de flagge sa'n soad diskusje opsmyt, dúdlik makket dat it nedich is om sa'n statement te jaan.
"Ik tink dat dit mear oer de polityk seit as oer de PC", seit Hellinga. "De polityk is hjoed-de-dei behoarlik hyperich. Dat der diskusje komme soe, hie ik wol tocht, mar dat der yn de polityk sa reagearre wurde soe, hie ik net ferwachte."
De PC is kommende woansdei de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân. Online en op de radio dogge we ferslach fan de earste oant de lêste slach. Op telefyzje begjint de rjochtstreekse útstjoering om 14:00 oere.