Fryske sporters binne klear op de Olympyske Spelen: sa gong it

De Olympyske Spelen sitte derop foar de sân Fryske sporters yn Tokio. Marit Bouwmeester wie de lêste dy't yn aksje kaam. Sy wie mei Ymkje Clevering de iennige Fries dy't in medalje pakte. Hoe ha de Friezen it dien?
Roeister Ymkje Clevering (twadde fan rjochts) mei har sulveren medalje © ANP
We freegje it oan sportferslachjouwers Lars de Leeuw en Roelof de Vries. Sy folgje foar Omrop Fryslân de Olympyske Spelen.
Wat is it algemiene gefoel dat jim oerholden ha oan dizze Spelen, ast nei de Friezen sjochst?
Lars de Leeuw: "Mei allinnich in sulveren en in brûnzen medalje werom nei Fryslân soene je - as je sjogge nei guon ferwachtingen - teloarstellend neame kinne, mar dat fyn ik wol wat te koart troch de bocht.
Epke Zonderland hat bygelyks gjin medalje, mar hat syn karriêre wol op in moaie wize ôfslute kinnen. En in sulveren medalje foar Clevering is fansels geweldich, hielendal mei de omstannichheden kwa corona by it roeiteam yn de achterholle. Dat se op it nipperke goud misrinne is wol hiel skande."
Roelof de Vries: "It binne net de Winterspelen, dat is wol dúdlik. Mar moatst it yn it goeie perspektyf sette: dat we gjin goud ha, dat is spitich, mar it slagge mar seis kear dat in Fries goud wûn op de Simmerspelen. Dus dan is dit prima."

De prestaasjes fan de Fryske olympiërs dit jier

Namme Sport Prestaasje
Marit Bouwmeester Silen (laser radial) Brûns
Jan van der Bij Roeien (fjouwer-sûnder) Sechsde
Ymkje Clevering Roeien (fjouwer-sûnder) Sulver
Sisca Folkertsma Fuotbal Utskeakele yn kwartfinale
Marrit Steenbergen Swimmen (4x100 frij) Fjirde
Tornike Tsjakadoea Judo (-60 en team) Fyfde en fyfde
Epke Zonderland Turnjen (rekstok) Utskeakele yn kwalifikaasje
Hoe tinke de Fryske olympiërs der sels oer?
Lars: "Ik tink dat allinnich Sisca Folkertsma en Marrit Steenbergen echt teloarsteld binne. Folkertsma moast it grutste part fan it fuotbaltoernoai fan de tribune ôf tasjen en kaam gjin minút yn aksje. Steenbergen mocht ta har eigen ferrassing de finale by de estafette net swimme.
Dat Jan van der Bij in medalje misrint mei de fjouwer-sûnder-stjoerman is skande, mar mei in finaleplak hoege sy harren absolút net te skamjen. De oare Friezen wiene nei harren eigen optreden sels min of mear tefreden."
Jan van der Bij sit hielendal rjochts © ANP
Roelof: "In medalje op sa'n grut poadium is fantastysk. Dat moatte wy en de sporters sels net ferjitte. Marit Bouwmeester snapt net wêrom't der oare medaljes as goud útdield wurde. Ymkje Clevering wist dat de kâns foarôf grut wie dat it tusken Nederlân en Australië gean soe. It skeelde neat, dus dan is dat hiel dûbeld.
By roeier Jan van der Bij is it oars. Hy helle de finale. Dat is net neat, mar hy waard sechsde. En dus wie er dochs wat segrinich.
Hy rûn twa kear krekt in brûnzen medalje mis, mar hat himsels wol op de kaart set.
Lars de Leeuw oer judoka Tornike Tsjakadoea
It is ek mar krekt wat je ferwachtsje. Swimster Marrit Steenbergen hie hope op dielname oan de estafetteploech, mar swom allinnich de searjes. Dy baalt. Sisca Folkertsma spile by de fuotbalfroulju gjin minút en waard útskeakele yn de kwartfinale, dus dy baalt ek.
Judoka Tornike Tsjakadoea wie net mear as in outsider, mar pakte dochs twa fyfde plakken. Echt knap, mar wol ticht by brûns, dat er krekt misrint. It ferhaal fan Epke Zonderland is bekend. Gjin finale of medalje, mar gewoan net fit genôch foar in goeie oefening."
Hokker Fries hat it it bêst dien?
Lars: "Fan de Friezen sûnder medalje hat judoka Tornike Tsjakadoea de measte yndruk makke. Hy rûn twa kear krekt in brûnzen medalje mis, mar hat himsels wol op de kaart set by it Nederlânske publyk. De berne Ljouwerter waard priizge om syn 'vechtershart'. Dêrby hie hy de skiedsrjochter yn syn beide partijen seker net mei, dus der hie sels miskien noch wol mear yn sitten. Tsjakadoea sil mei in hiel goed gefoel werom sjen op dizze Spelen."
Tornike Tsjakadoea © ANP
Roelof: "Dat is apels mei parren fergelykjen. Mar ast sjochst nei ferwachtingen, groeikurve en takomstperspektyf, dan soe ik ek Tsjakadoea sizze. Dy hat him echt sjen litten."
Wat hie better kind?
Lars: "Dan komme je dochs út by Marit Bouwmeester. Fan tefoaren hie sy net tekene foar in brûnzen medalje. Benammen har earste races yn Tokio wiene net goed en in diskwalifikaasje is mei sa'n dielnimmersfjild faak deadlik. Dat se úteinlik noch wol in medalje pakt, is dan wol wer hiel knap."
Roelof: "De fuotbalfroulju wiene better as Amearika en Clevering ferlear mei sentimeters ferskil, Steenbergen en Folkertsma gjin kâns krigen, Van der Bij einige op it EK foar lannen wêr't er no efter einige, Bouwmeester hat net it maksimale derút helle en Tsjakadoea hie miskien eins wol rjocht op in ippon, dy't er net krige. Dus tsja, sa beskôge kinne se allegear better. Mar guon ha miskien ek wol it maksimale derút helle."
Oer minder as trije jier begjinne de Spelen fan Parys al. Op wa moatte we dan lette?
Lars: "Tsjakadoea. Hy wit no wat it is om út te kommen op it heechst helbere judotoernoai. Hy hat sjen litten goed mei de druk omgean te kinnen en hat noch foldwaande potinsje. Oer trije jier is er 27 en op de top fan syn kinnen. Ik ferwachtsje dêrom dat hy yn Parys noch better prestearje sil, dus: in medalje."
Roelof: "Eins op alle Fryske dielnimmers dy't der no ek wiene. Epke is der net by, fan de rest moatte we ôfwachtsje oft se harren wer pleatse.
Sherida Spitse wie no blessearre en is dan 34 jier. Fenna Kalma is in fuotbalster dy't ek samar ris in seleksje ferwachtsje kin. Wat docht Marit Bouwmeester? Se is oer trije jier 36 jier. Mirthe Akkerman is in talintfolle sylster út Akkrum yn Bouwmeester har klasse. En Laila van der Meer is 20 jier en sylt al hiel goed yn de de Nacra 17-klasse.
Is Sherida Spitse der oer trije jier by? © ANP
Let ek op judoka Sanne Vermeer. Se is no 23 jier en al de nûmer seis fan de wrâld. Omdat se blessearre rekke pleatste se har krekt net. Yn har klasse judowet no noch de Frânske Clarisse Agbegnenou en dy wint altyd alles. De Spelen binne yn 2024 yn Parys, dus Agbegnenou is dan ek de grutte favoryt.
En fierder: Anouska Koster, Nicole Steigenga en Aafke Soet by it hurdfytsen, Natascha Ausma by it judo, Douwe Amels by it heechspringen, Steven Ottevanger, Bennie Tuinstra en Gijs van Solkema en de suskes Jasper allegear by it follybal en Emma Piersma by it beachfollybal. En dan ferjit ik der, hoopje ik, noch in pear."