Minsken mei sike esken krije help fan Iepenwacht

Minsken yn it Waadgebiet dy't troch de esketûksykte in beam kwytreitsje, kinne dêrfoar in nije beam regelje mei help fan de Iepenwacht. Dy hat dêrfoar subsydzje krigen fan it Waadfûns.
Troch de sike esken falle der no gatten yn it lânskip, dat wol de Iepenwacht foarkomme:
De Iepenwacht komt yn aksje:
De dielnimmende gemeenten yn Fryslân ha troch it projekt al mear as tûzen jonge beammen plantsje kind. Kommende winter kinne ek de partikulieren los.
Der binne twahûndert beammen beskikber. Allinnich minsken yn it Waadgebiet komme derfoar yn oanmerking. Der wurdt wurke mei tsien ferskillende soarten beammen; net allinnich ipen. En seker gjin esken, want der binne noch gjin esken fûn dy't resistint binne tsjin de sykte.
Gauke Dam leit út wêrom it werom plantsjen fan beammen sa wichtich is yn it Waadgebiet: "It is in goed idee, omdat je dêrmei de hiembeplanting fersterkje. Dat binne de 'oazen' yn it lânskip."

Op syk nei jild

De Iepenwacht wol de rest fan Fryslân ek graach sa folle mooglik betsjinje, mar siket dêrfoar noch nei jild. Dam: "De Iepenwacht hat har wurkgebiet yn in grut part fan Fryslân, ek bûten it Waadgebiet. Dêr wolle wy ek hinne mei dit projekt. Mar dêr hawwe wy noch finansiering foar nedich. We binne dêr bot nei op syk mei ús partners."
Hjir by Frjentsjer binne earder al nije beammen plante as ferfanging fan sike esken © Omrop Fryslân, Remco de Vries