Wetterskip: 'Stevige ynvestearring' nedich yn wettersysteem

Der is in 'stevige ynvestearring' nedich om it Fryske wettersysteem klimaatbestendich te meitsjen. Dat seit bestjoerder Jan van Weperen fan it Wetterskip, neidat ekstreme delslach yn grutte parten fan de provinsje foar oerlêst soarge hat.
Wetter yn Surhústerfean © Raymon Roersma / ProNews
It wetterskip is al dagen dwaande om it oerstallige wetter fuort te pompen, en it kin noch wol oant healweis takom wike duorje foardat dat klear is.
"We hebben in tientallen jaren niet zoveel water gehad", seit Van Weperen. "Hier is geen enkel systeem op berekend."
Dit vergt de nodige pegels
Jan van Weperen
Om it Fryske wettersysteem klimaatbestendich te meitsjen, is in protte jild nedich, seit Van Weperen. Hoefolle presys, dat seit er net. Oft de wetterskipsbelesting omheech moat, is net dúdlik.
Letter dit jier praat it algemien bestjoer oer datsoarte saken, seit Van Weperen. "Wat voor waterschap willen we zijn? Proactief? Of reactief?"
"Feit is wel: elke euro die we besteden, komt bij de inwoners vandaan. Dit vergt de nodige pegels, en daar moet je zorgvuldig mee omgaan."

De goeie wei

Bestjoerders fan it wetterskip freegje har no ôf oft se op de goeie wei binne. Nei de wetteroerlêst fan de ôfrûne tiid wolle se it hiele wettersysteem nochris goed tsjin it ljocht hâlde.
No is it sa dat hieltyd gruttere gebieten itselde wetterpeil ha. Dat is goedkeaper, want der binne minder sluzen nedich, mar it makket it wol lestiger om pleatslik yn te gripen.
Dit is it probleem
De klimaatferoaring is 'een eye-opener', seit Van Weperen. In goede wetterdistribusje wurdt neffens him de kommende jierren allinne noch mar belangriker.

Gjin problemen

Yntusken sakket it wetter wer, dat benammen yn it Noardeasten fan de provinsje mei bakken út de loft kaam. Allinne yn de leechste gebieten stiet it noch op it lân.
De nije delslach fan de ôfrûne dagen soarget net foar problemen, seit it Wetterskip. Neist de gewoane gemalen draaie der 14 needpompen om it oerstallige wetter fuort te krijen.