Ymkje Clevering wint earste Fryske olympyske medalje fan dizze Spelen

Ymkje Clevering hat op de Olympyske Spelen in sulveren medalje wûn. De roeister fan Haulerwyk pakte yn de fjouwer sûnder stjoerfrou krekt gjin gouden medalje. Australië. kaam krekt wat earder oer de finish nei in spannende einfaze.
Ellen Hogerwerf, Karolien Florijn, Ymkje Clevering en Veronique Meester © ANP Foto
Australië en Nederlân gongen nei 500 meter lykop. Australië pakt nei 500 meter 12 hûndertsten foarsprong. Dêrnei namen se stadichoan wat mear foarsprong en nei 1000 meter, op de helte, wie de foarsprong 1,25 sekonden.
Nei 1500 meter wie it gat 1,37 en yn de lêste meters kaam it oan op sprinten foar goud, want de Britten en Ieren leine op grutte efterstân. Se setten yn de lêste meters alles op alles, hiene in hegere snelheid as de Australiërs en kamen op de finish mar 34 hûndertsten tekoart.
Clevering roeide mei Veronique Meester, Ellen Hogerwerf en Karolien Florijn.

Jan van der Bij komt tekoart yn de finale

Jan van der Bij is der net yn slagge in medalje te heljen. Hy waard sechsde en lêste yn de finale fan de fjouwer sûnder stjoerman.
© ANP Foto
Van der Bij, Boudewijn Roell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema waarden ferline jier Europeesk kampioen, mar koene dêrnei net mear echt oertsjûgje.
Op de Spelen waarden se yn de heats tredde, wêrtroch't se nei de werkânsingen moasten. Dy wûnen se wol, mar yn de finale kamen se tekoart.
Australië pakte al gau in foarsprong en dy joegen se net mear út hannen. Dêrefter lei it noch lang tichtby elkoar, mar krekt oer de helte wie al wol dúdlik dat in medalje der foar Nederlân net yn siet. Roemenië waard twadde en Italië einige as tredde.
Jan van der Bij, Boudewijn Roell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema © ANP Foto

Medaljerein

It wie in moaie moarn, want Nederlân pakte twa gouden medaljes. Annemiek van Vleuten wûn de tiidrit by it hurdfytsen. Anna van der Breggen wûn brûns dêr.
En njonken it sulver foar Clevering wie der goud foar de dûbeldfjouwer. Abe Wiersma, Tone Wieten, Koen Wetsemakers en Dirk Uittenbogaard wiene de favoryt en makken dat hielendal wier. Sulver wie der foar Melvin Twellaar en Stef Broenink. Twellaar hat yn syn jonge jierren yn Drachtsterkompenije wenne. Roos de Jong en Lisa Scheenaard wûnen brûns yn de dûbeldtwa.
Radio Tokio

Tredde Fryske roeimedalje ea

Yn 1900 wûn Roelof Klein fan De Lemmer de earste Fryske medalje ea. Sterker noch, it wie de earste medalje ea foar Nederlân. Hy wûn mei Francois Brandt in gouden medalje op de Spelen yn Parys.
Yn 1964 pakte Herman Rouwé fan Grou in brûnzen medalje. Yn de dûbeltwa waard de no 78-jierrige Rouwé, dy't no yn Ferwert wennet, tredde doe't de Spelen ek yn Tokio wiene.