Mobile pompen moatte Fryslân drûch hâlde

Der draaie noch hieltyd needpompen fan Wetterskip Fryslân troch om it oertallige wetter fan it wykein en de buien dernei fuort te krijen.
© Luzette Kroon, Wetterskip Fryslân
"Wy hawwe nei de lêste buien op guon plakken ekstra mobile pompen ynset. Wy sieten earst op sa'n 10, no binne it der 14 pompen," seit Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân.
De pompen wurde ynset yn gebieten dy't prioriteit hawwe. Rayonbehearders hawwe ûnder oare pompen yn Kûkherne, Reahel, Twizel en Surhústerfean delset om de poldergemalen te ûnlêsten.
Wetterskip Fryslân warskôget rekreanten dat der mear streaming stean kin as oars. "Mei it swimmen en it farren is it goed om dêr op te letten."
Op de measte plakken sakket it wetter wol. "Wy hawwe wol legere wetterstannen as flak nei de bui fan sneon. Mar wêr't no opnij reinwetter falt, reitsje je fuortendaalks wer efterop. Dat is ôfrûne nacht bard yn it noardeasten, by De Westereen en Twizel. Wy dogge ús bêst om mei ekstra pompen it wetter fuort te krijen. Mar salang't der buien binne, duorret dat langer."

Buien hiel lokaal

De buien binne ûnfoarspelber, seit Flikkema. "Yn 't foar witte je net wêr't de buien komme, sy binne hiel lokaal. Wêr't it wetter no sakke is, kin it mei sa'n bui sa wer heger lizze."