Kapitein Rauma krijt reprimande foar oerboard slaan konteners ferline jier

Kontenerskip de OOCL Rauma wie ferline jier nei alle gedachten net goed beladen en hat dêrom lading ferlern. Mei dat oardiel komt it tuchtkolleezje foar de skipfeart.
De Rauma © Shutterstoc, Martin Lueke
It skip ferlear ferline jier benoarden It Amelân en Skylge sân konteners. Yn dy konteners siet papier, karton en molkpoeier. Foar safier bekend spielde der neat oan op de Nederlânske Waadeilannen. Dat wie wol sa yn Denemarken. Sawat in wike letter leine de strannen fan it eilân Fanø oer in lingte fan in pear kilometer fol mei stikken en mei rollen papier.

Kapitein hat berisping krige

It tuchtkolleezje leit de ferantwurdlikens foar it oerboard slaan fan de konteners by de kapitein. Hoewol't de earste stjoerman gewoanwei ferantwurdlik is foar it beladen fan in skip, hie de kapitein dêr better op tasjen moatten.
Benammen ek omdat de kapitein bekend wie mei de farrûte en it feit dat it om swier beladen konteners gie. It tuchtkolleezje hat de kapitein in reprimande jûn.
Nei oanlieding fan de Rauma-saak lôge de diskusje oer hokker farrûten kontenerskippen nimme moatte by min waar wer op: de súdlike tichterby de Waadeilannen of de noardlikere mear de Noardsee op. De minister kin dat net bepale omdat it bûten de territoriale wetters fan Nederlân leit.