Arjen Dijkstra hat de Tour fan 1903 útriden: "It gekke is, it wie hartstikke leuk"
De fytsmateploech fan de Fries Arjen Dijkstra hat freed de rûte fan de Tour de France fan 1903 folbrocht. Yn totaal gie it om in trajekt fan sa'n 2.400 kilometer, de measte etappen wiene sa'n 400 oant 500 kilometer. "We zijn binnen hoor. De Tour de France van 1903 zit erop", liet Dijkstra grutsk op sosjale media witte.

It gie om seis etappen, dy't yn twa wiken riden wurde moasten. Nei in fytsdei waard in rêstdei holden en yn it wykein waard der net fytst. Dat betsjut net dat it maklik wie, want der moast dus wol 1.200 kilometer de wike fytst wurde. De koartste etappe wie 270 kilometer.
"De langste etappe wie 480 kilometer, mar dat hawwe wy net helle hear. De langste wie foar ús 430. Wy hawwe in pear kear wat ôfstutsen, want it wie gewoan te lang", seit Dijkstra. "Wy begûnen om 4:00 oere nachts en dan besochten wy sa fier mooglik te kommen. Wy hienen in buske mei en dy ride dan nei in plak ta en dêr stie dy dan klear mei iten en nij wetter. En dan fytsten wy wer 75 kilometer en sa gie it de hiele tiid fierder."
"It gekke is: it wie hartstikke leuk"
Moarns wie it wolris in drege opjefte om wer op de fyts te stappen. De wekker gie moarns om 3:00 oere, dan efkes wat ite en dan ier en betiid op de fyts, mar Dijkstra fûn it machtich: "It gekke is: it wie echt hartstikke leuk. Ek nachts troch de Frânske stêden en oer it Frânske plattelân, dat wie skitterjend. It joech echt it gefoel fan de earste Tour de France-riders."
"Fan de seis dagen hawwe wy fiif en in heale dei yn de wyn hân. Op de earste dei wie it wiet, ik ha noch noait safolle rein sjoen: 300 kilometer allinnich mar rein en keihurde rein", beskriuwt Dijkstra syn tocht. En dan hie er op de lêste dei ek noch in hongerklop: "Ik waard min en wat draaierich. Doe tocht ik wol: komt dit wol goed?"

Arjen Dijkstra oer syn tocht
De freoneploech ûndernimt eins alle jierren wat, fertelde Dijkstra earder oan Omrop Fryslân. Njonken him fytst der noch in Fries mei. De ploech makket stikem al wat plantsjes foar takom jier: "Wy dienen dit omdat ien fan de mannen fyftich waard. Dy tocht: in midlifecrisis, ik moat wat dwaan en no wurdt de folgjende fyftich en dy seit: Frankryk is leuk, mar Italië hat in Giro, kinne we dat net ris dwaan?"
Lês hjir it ferhaal fan Arjen Dijkstra werom: