Fytse is op It Amelân nofliker as op de oare eilannen

Fytse yn Fryslân? Dan kinne je it bêste terjochte op It Amelân en Noardeast-Fryslân. Dat blykt út in ûndersyk fan it CBS en it Fytsersbûn. Twa eilannen skoare stikken minder: Skiermûntseach en Flylân. Op dat lêste eilân binne sels de measte minne fytspaden.
© Shutterstock / emka74
It Fytsersbûn fynt it opfallend dat just de eilannen min skoare op de kwaliteit fan de fytspaden. Se skoare just wol wer goed op hoe moai oft de rûtes binne. "De verklaring is wellicht dat de vele smalle schelpenpaden niet als prettig worden ervaren, maar de omgeving wel."

Beton of skulpepaden

Dat It Amelân sa goed skoart en oare eilannen minder, dêr hat Kees Mourits, foarsitter fan it fytsersbûn, wol in ferklearring foar. "Het komt vooral door de vele betonnen fietspaden die de laatste jaren zijn aangelegd op Ameland."
Op de oare eilannen is dat oars. "Daar ligt nog relatief veel schelpenpad. Dat is een groot verschil in wegdekkwaliteit."
Mourits wol dêr net mei sizze dat dy skulpepaden better fuort kinne. "Het heeft wel een zekere romantiek. Het hoort ook wel een beetje thuis op een eiland. Maar het brengt wel veel meer trilling met zich mee en het onderhoud blijft wel eens achterwege."
De beoardielingen fan de fytspaden wurde dien troch in pear hûndert frijwilligers fan it fytsersbûn.