Direkteur Arriva bliid: Dútsers begjinne einlings mei werstel Friesenbrücke

Arriva hat grutte ferwachtings fan de treinferbining mei de Noard-Dútske stêden. De sloop fan de ferfangende spoarbrêge by Weener set freed útein. It treinferkear hat hast seis jier stillein.
De stikkene Friesenbrücke by Weener © Omrop Fryslân
Yn Dútslân wurdt freed begûn mei de nijbou fan de Friesenbrücke. Dy is ûnderdiel fan de spoarferbining tusken Grinslân en Dútslân. Foar Arriva komt hjirmei in ein oan in pineholledossier. It ferfiersbedriuw fersoarget de tsjinstregeling op dat trajekt en hat grutte ambysjes.
Direkteur Arriva bliid: Dútsers begjinne einlings mei werstel Friesenbrücke
Hè, hè, fersuchtet Anne Hettinga. De direkteur fan ferfiersbedriuw Arriva is ferromme dat no einliks nei hast seis jier de skeppe de grûn yn giet.
"Ja, want dit hat wol hiel lang duorre", seit Hettinga. "Der is hiel wat diskusje oan foarôfgien. We hawwe sa al hiel wat jierren achter ús dat we sitte mei in stik spoar dêr't we net oerhinne ride kinne."

Fan Harns nei Bremen

De stikkene brêge hat in grutte ympakt hân op Arriva, seit Hettinga. "Yn it bod dat we dellein hawwe foar de konsesje en dy't we wûn hawwe, stiet hiel dúdlik dat wy ynvestearje wolle yn it trajekt Grins-Bremen. Sa wol ik myn dream realisearje: ynstappe yn Harns en yn deselde trein trochride nei Bremen."
It hat finansjeel ek sear dien, seit Hettinga. Reizgers wurde no net betsjinne, wylst der al animo foar is. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it slagje moat de trein goed fol te krijen. "We moatte al jild fertsjinje, fansels."
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva © Omrop Fryslân
De kommende jierren moat der noch in soad praat wurde. Hettinga sil mei de Dútske autoriteiten om tafel moatte om de spoarambysjes fan de grûn te krijen.
Mar, sa seit er, de animo is der: "Jaseker. Dy wolle wol. Sy binne grut foarstanner fan ynternasjonaal ferkear en it is ek de ferbining mei de haven fan Hamburg dêr't we it oer hawwe."
De stikken brêge yn it spoar nei Hamburg © Google Earth
Dat jildt ek foar de stêden Bremen en Oldenburg: "Sy wachtsje op goede spoarferbinings, want dy jouwe ek in ekonomyske ympuls", sa seit Hettinga.
Mar foar't it safier is, is it 2025. Dan moat de nije brêge dy't 160 miljoen euro kostje moat, klear wêze.