It reint doelpunten foar de Oranjeliuwinnen op de Olympyske Spelen: 10-3

De Oranjeliuwinnen hawwe harren earste Olympyske fuotbalwedstriid tsjin Sambia mei oermacht wûn: it waard 10-3. De Fryske Sisca Folkertsma siet foar Oranje op de bank.
Shanice van de Sanden yn aksje tsjin Sambia © Orange Pictures
Oan it begjin fan de wedstriid brochten de fuotbalfroulju in earbetoan oan Sherida Spitse út Snits. Troch in blessuere oan de knibbel koe sy net meidwaan oan it toernoai op de Olympyske Spelen.
Dêrnei gie it los, en it gie ek al gau rap mei de punten. De earste goal fan Vivianne Miedema koe se al nei njoggen minuten rêstich nei binnen skoppe, troch in ynskattingsflater fan de Sambiaanske keeper. Fiif minuten letter folge Lieke Martens mei de 2-0.
En yn minder as in eachwink makke Miedema de 3-0, yn de 15e minút. Sambia kaam dêrnei hiel efkes werom: de Sambiaanske Banda makke de 3-1. Mar dêr kaam Miedema wer: 4-1. Lieke Martens en Shanice van de Sanden makken foar it skoft de 5-1 en 6-1.

Nei it skoft

Nei it skoft gie it gewoan fierder mei it doelpuntespektakel. Vivianne Miedema makke de 7-1 en Jill Roord de 8-1. De 9-1 kaam fan Lineth Beerensteyn, dy't yn it fjild kaam foar Miedema. Boppedat makke Victoria Pelova yn de 80ste minút har alderearste doelpunt foar Oranje.
Barbra Banda kaam noch wol efkes mei in tsjinreaksje. Foar Sambia skoarde sy noch twa kear, yn de 82ste en de 83ste minút.
Oan it ein fan de wedstriid waard oan Kika van Es in giele kaart útdield. Dochs wie de útslach fan dizze earste wedstriid net mis: de Oranjeliuwinnen wûnen mei 10-3.