Dressuerrydster Rixt van der Horst kwalifisearre foar Paralympske Spelen

Paradressuerrydster Rixt van der Horst fan Grou hat har definityf pleatst foar de Paralympske Spelen yn Tokio. Sy is opnaam yn it paralympysk team en sil oer in pear wiken nei Tokio.
Paradressuerrydster Rixt van der Horst fan Grou © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Op it hynder Finsley die Van der Horst it ôfrûne wykein in lêste test yn Schijndel en sette dêr twa persoanlike rekôrs del. Se hiene de heechste deiskoares fan it hiele fjild.
It is de twadde kear dat Van der Horst meidocht oan de Paralympyske Spelen. Mei it team behelle sy brûns yn Rio de Janeiro en yndividueel helle se doe sulver en brûns.

Beleanning

De dressuerploech is titelkandidaat yn Tokio. Van der Horst is sels tige entûsiast oer har twadde dielname oan de Spelen, sa is te lêzen op Facebook.
Sy skriuwt op har side: "Let's go Tokio! Trots dat ik voor de tweede keer Nederland mag gaan vertegenwoordigen op de Spelen! Het harde werken wordt beloond, maar zonder een goed team om me heen ben ik nergens! Alle teamleden, sponsors, partners & supporters, dank voor jullie steun & het vertrouwen op weg naar mijn droom! Zoveel zin om te gaan knallen!"

Leard fan de earste Spelen

Van der Horst hope al dat de kwalifikaasje barre soe. "Mar as it dan echt offisjeel is, dan bliuwt dat echt wol tof. De ôfrûne wedstriden haw ik goed prestearre, dus dan kin it hast net mear mislearje. It giet goed en it wurdt en kin noch hieltyd better. Uteinlik haw ik mar ien doel en dat is goud. Yndividueel en mei it team meitsje wy der kâns op."
Paradressuerrydster Rixt van der Horst
Sy kint har hynder no ek better as mei de eardere Spelen. "Wy geane yn superfoarm nei Tokio ta. Rio wie moai, it wiene de earste Spelen, mar doe helle ik twa kear brûns en in kear sulver. No wolle wy foar goud."