Beitske Visser pakt earste punten yn W Series op Silverstone

De Fryske autokoereur Beitske Visser hat op it sirkwy fan Silverstone har earste punten fan it seizoen pakt. Se finishte as sechsde.
© ANP
Visser komt út yn de W-Series. Dat is de heechste raceklasse foar froulju. It is de tsjinhinger fan de Formule 1, mar alle koereurs ride yn deselde auto.
Op Silverstone begûn se as fjirde, mar foel werom nei it sânde plak, nei in matige start. De race waard wûn troch de Britske Alice Powell. Flak foar de finish koe Visser noch in tsjinstanner foarby. Dêrtroch waard se sechsde.
De earste twa races helle Visser hielendal gjin punten. Yn de iepeningsrace waard se trettjinde, en yn de twadde race einige se op it alfde plak. Oer twa wiken stiet de fjirde race fan de W Series op it programma. Dy wurdt riden yn Hongarije.