Jierren lyn fytste se nei Drachten, en no heart se by de bêsten fan de wrâld

Roeister Ymkje Clevering fan Haulerwyk heart by in team dat topfavoryt is foar olympysk goud: de fjouwer-sûnder-stjoerfrou. Dy ploech is al trije jier op rige de bêste fan Europa.
Fiif jier lyn wist noch net ien wa't se wie, en no heart se by de bêsten fan de wrâld
It ûnderdiel fjouwer-sûnder-stjoerfrou is in nij olympysk ûnderdiel. De Nederlânske ploech mei Ellen Hogerwerf, Karolien Florijn, Veronique Meester en Ymkje Clevering heart by de absolute wrâldtop en giet foar it heechtse. "Goud is het enige dat telt, dat is waar we voor gaan!"

Konkurrinsje

Op it WK yn 2019 einige de fjouwer-sûnder as twadde achter Australië. En dy ploech wurdt no ek sjoen as in geduchte konkurrint, krekt as Amearika, Nij-Seelân en Kanada. Al witte se troch corona net goed hoe sterk oft de konkurrinsje is, want by de wrâldbekerwedstriden yn Europa dienen de lannen fan bûten Europa net mei.
Clevering: "Wy hawwe echt gjin idee hoe sterk oft dy lannen binne. It is fansels fijn om te winnen, mar it soe folle leuker wêze as de wrâldbekerwedstriden wat drokker besocht wienen en dat je konkurrinten der ek binne."
© Omrop Fryslân
Yn de boat hat elk syn eigen rol. De foarste bepaalt it ritme, de achterste it tempo en de middelste twa binne de 'krachtpatsers'. Dat is it saneamde "powerhouse".
Clevering sit yn 'e midden. Sy is sterk en dat hat neffens har in bysûndere reden. "In protte freondinnen gienen mei de bus, mar ik fytste altyd nei skoalle ta fan Haulerwyk nei Drachten. Dat is wol sa'n 22 kilometer. Ik tink echt dat dat wol útmakket."
Wannear komt Ymkje Clevering yn aksje?
Op sneon 24 july 01.30 oere oant 05.30 oer (Nederlânske tiid) binne de foarrondes foar de fjouwer-sûnder-stjoerfrou.
Twa dagen letter, op moandei 26 july (02.00-04.20 oere) binne de herkânsings.
Woansdei 28 july (01.30-04.40 oere) binne de A- en B-finale.