OERSJOCH: Wannear komme de Fryske olympiërs yn aksje?

De Olympyske Spelen binne no offisjeel iepene. En yn de nacht fan freed op sneon komt direkt in hiele trits Friezen yn aksje. It belangrykste oersjoch fynst hjir.
© Omrop Fryslân

Net fitte Epke Zonderland syn lêste keunstke

Epke Zonderland komt fuort de earste dei yn aksje. Hy moat him freedtenacht (of sneontemoarn) krekt nei trijen besykje te pleatsen foar de finale op de rekstôk. Hy moat dan by de bêste acht dielnimmers einigje.
Ferspraat oer de dei komme trije saneamde subdifyzjes yn aksje. Subdifyzje 1, mei Epke Zonderland, begjint om 03.00 oere. Letter op de dei binne subdifyzje 2 (06.30) en subdifyzje 3 (12.30). Pas nei al dy dielnimmers wit Epke oft hy him pleatst foar de finale.
Epke is gewoanwei de favoryt, mar it is mar de fraach oft hy dat no wer is. Epke is sels net sa posityf. Hy twivelet bot oer syn foarm, oan syn sûnens en oft hy wol genôch traind hat yn de oanrin nei de Spelen. Hy twivele sels oan dielname oan de Spelen.

Skema Epke Zonderland

© Omrop Fryslân

Folkertsma giet foar earste fuotbalmedalje

De earste Fryske olympiër begûn al oan de Spelen foardat de Spelen begûn binne. Sisca Folkertsma fan Sleat spile woansdei 21 july al har earste wedstriid tsjin Sambia. Om it fuotbaltoernoai op tiid klear te krijen, moatte se earder begjinne. De wedstriid tsjin Sambia waard in doelpuntespektakel: 10-3 foar Oranje.
Oranje spilet yn de pûl mei Sambia, Brazilië en Sina. Dat binne de nûmers 104, 7 en 15 fan de wrâldranking. Nederlân is oan syn stân ferplichte om de pûlfaze te oerlibjen en de kwartfinales te heljen. De earste twa fan de pûl gean troch, mar ek de bêste twa nûmers trije. Der dogge tolve lannen mei, ferspraat oer trije pûls.
Amearika hat fjouwer kear goud wûn en is ek no de grutte favoryt. Dútslân wûn de lêste kear goud. Njonken Amearika, Dútslân en Nederlân binne Grut-Brittannië, Frankryk, Sweden en Brazilië ek kânshawwers foar in medalje.
Rekôrynternasjonal Sherida Spitse is op it lêste momint útfallen. Se wie yn Japan mei de seleksje, mar moandei rekke se blessearre op de training. Dêrtroch leit se wiken út de rûlaasje.

Skema fuotbalfroulju:

© Omrop Fryslân

Ymkje Clevering giet foar neat minder as in medalje

Ymkje Clevering hat fan alle Fryske dielnimsters miskien wol de grutste kâns op in medalje. Se giet sels foar goud. No giet elkenien dat fansels, mar net foar elkenien is dat realistysk.
Clevering is in roeister en roeit mei trije oare froulju yn de fjouwer-sûnder-stjoerfrou, mei Ellen Hogerwerf, Karolien Florijn en Veronique Meester. Op de lêste twa Europeeske kampioenskippen pakten se goud en wiene se oppermachtich. It lêste WK is alwer efkes lyn en wie yn 2019. Doe waarden se twadde efter Australië. Kinst dus stelle dat se de bêsten fan Europa binne, mar hoe goed oft se binne yn ferliking mei Australië en oare lannen bûten Europa is noch lestich yn te skatten.
Der dogge tsien boaten mei. Fan Noarwegen, Italië, Ruslân, Dútslân, Estlân en Grut-Brittannië wit Nederlân dat se te pakken binne. Mar hoe goed oft Sina en Australië no binne is noch ôfwachtsjen. Nederlân wûn de lêste wrâldbeker, mar dêr diene ûnder oare Sina en Australië net oan mei.

Skema Ymkje Clevering

© Omrop Fryslân

Medalje Jan van der Bij kwestje fan alles of neat

11 oktober 2020 is in bysûndere dei foar Jan van der Bij. Hy pakt dy dei de Europeeske titel. Van der Bij roeit yn de fjouwer-sûnder-stjoerman mei Boudewijn Roell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema. Se binne dy dei net de favoryt, mar winne wol. Binne se dêrmei fuort ek kânshawwer foar in medalje yn Tokio?
Ja. En dochs wurdt dat ek hiel dreech, want it fjild leit yn dizze klasse ticht byelkoar. Van der Bij en dy ha de lêste wiken hurd traind. Tuskentroch ha se yn maaie noch wol meidien oan de World Cup yn Luzern. Dêr hellen se de finale net. Se wûnen wol de B-finale.
De fraach is dan ek oft Nederlân wurch wie troch it hurde trainen en oft se op tiid de foarm wer ha foar de Spelen. Boppedat naam Amon Keijser by dy lêste race it plak yn fan Boudewijn Roell.
Der ha trije World Cups west, mar de útslaggen sizze net safolle. De lannen bûten Europa, op Súd-Afrika nei, diene net mei. Dus witte se net hoe goed oft Australië, Amearika en Kanada binne. Italië en Poalen waarden twadde en tredde op it EK efter Nederlân. Italië wûn in World Cup. Grut-Brittannië ek. Mei oare wurden: in soad fraachtekens. De kwalifikaasje wurdt fuort belangryk. As se by de earste twa sitte, meie se fuort troch nei de finale. Oars komt der noch in herkânsing op 26 july.

Skema Jan van der Bij

© Omrop Fryslân

Marrit Steenbergen kin medalje pakke, mar dan moat alles klopje

Yn 2016 wie sy der al by. Doe waarden sy fjirde op de Spelen yn Rio. Steenbergen die mei de estafetteploech mei oan de Spelen doe't se noch mar 16 wie. Mei Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk en Inge Dekker einigen se doe krekt bûten de medaljes.
No is sy fiif jier en hiel wat ûnderfining fierder. Nei in soad blessueren liket se wer op nivo. Dat kin de estafetteploech ek wol brûke. It lêste WK wie al wer yn 2019, mar Nederlân waard doe, sûnder Steenbergen, fjirde efter Amearika, Ruslân en Kanada.
Kromowidjojo en Heemskerk binne der noch hieltyd by en we kinne sizze dat dy wol wis binne fan in plak yn de ploech. De lêste twa plakken wurde ferdield tusken Kira Toussaint, Kim Busch en Marrit Steenbergen.
17 maaie fan dit jier pakte de Nederlânske ploech sulver op it EK. Doe mei Kromowidjojo, Heemskerk, Toussaint en Steenbergen en mei acht hûndertsten efter Grut-Brittannië.

Skema Marrit Steenbergen:

© Omrop Fryslân

Goud is it iennige dat telt foar Marit Bouwmeester

Yn 2011 waard sy al wrâldkampioen. Dat waard sy yntusken al fjouwer kear. Yn 2016 pakte se ek goud op de Spelen yn Rio. Bouwmeester is noch altyd dé frou dy't ferslein wurde moat yn de Laser Radial-klasse. Yn 2020 waard sy Europeesk en wrâldkampioen.
Bouwmeester hat ek te krijen hân mei in blessuere oan har earm. Dêrom moatte we wol efkes ôfwachtsje hoe goed oft sy is. By de lêste race dy't se sylde waard se twadde mei in regatta yn Medemblik. Omdat der troch it coronafirus it lêste jier net safolle wedstriden holden binne, is it noch net hiel dúdlik hoe goed Bouwmeester is en hoe goed har konkurrinten binne.
Anne-Marie Rindom út Denemarken liket har grutste konkurrint. Rindom waard krekt efter Bouwmeester twadde op it lêste EK en fjirde op it lêste WK. Annalise Murphy (sulver yn 2016), Josefin Olsson út Sweden, Alisson Young út Grut-Brittannië en Emma Plasschaart út België binne oare nammen dêr't wy nei sjen moatte.

Skema Marit Bouwmeester:

Elke dei twa races tusken 05.00 en 11.00 oere. De medalrace is de lêste race en telt kwa punten dûbel. Doel is 10 races sile plus medalrace, mar dat hinget wol fan de wyn ôf. Dat jildt ek foar de tiden. As it waar net goed is, kinne de tiden feroarje.
© Omrop Fryslân

Tornike Tsjakadoea outsider foar in medalje

Tornike Tsjakadoea is hikke en tein yn Drachten. Syn heit en mem komme út Georgië. De 24-jierrige judoka docht mei oan de lichtste gewichtsklasse, oant 60 kilo.
Op de wrâldranglist stiet hy tolfde. Elk lân mei mar ien dielnimmer ôffurdigje, dus op de skjinne list stiet hy eins njoggende. Tsjakadoea pakte al ris brûnzen medaljes mei de Grand Prix en Grand Slam-wedstriden en hat dus al sjen litten op heech nivo mei te kinnen. De lêste stap nei de top moat noch wel set wurde. Op it lêste WK waard hy fuort yn syn earste wedstriid bygelyks al útskeakele.
Ek Tsjakadoea komt fuort de earste dei al yn aksje yn it histoaryske Budokan stadiuon yn Tokio, dêr't Anton Geesink yn 1964 goud wûn. Tsjakadoea moat fuort om 4.00 oere judoje. Hy hat in swiere lotting, want hy treft de sterke Mongoaliër Amartuvshin Dashdavaa. Dy wûn ferline jier noch it sterkbesette Grand Slam-toernoai yn Parys.

Skema Tornike Tsjakadoea:

By Omrop Fryslân hoechst neat fan de Olympyske Spelen te missen. Yn de sportrubryk Studio Tokio prate ferslachjouwers Roelof de Vries en Lars de Leeuw dy alle trochdewykse dagen by om 7.45 oere en 12.45 oere op Omrop Fryslân radio. Op sneons is dat om ûngefear 8.40 oere en 12.40 oere, op sneins om 9.00 oere.
Online hâlde we jim fansels ek 24 oeren deis op de hichte.