SKS skrast skûtsjesilen nei oprinnend tal coronabesmettingen

It kampioenskip fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) giet dit jier net troch. Dat hat it bestjoer besletten mei it each op de jildende coronamaatregels.
Taskôgers sjogge nei it skûtsjesilen by Langwar © ANP
It is de twadde kear op rige dat it kampioenskip net troch gean kin. De SKS hat it beslút bekendmakke yn in ledegearkomste yn Wâldsein.
Earder op de dei melde de IFKS al dat ek har kampioenskip net trochgiet. It betsjut dat der dit jier, krekt as yn 2020, gjin skûtsjekampioenskippen syld wurde yn Fryslân.
Der binne alle jierren twa kampioenskippen skûtsjesilen, direkt nei mekoar. De SKS is it âldste. Dêr dogge 14 skippen oan mei, en de skippers binne ôfkomstich út âlde skippersfamyljes. De IFKS hat in iepen karakter. Dêr mei elkenien oan meidwaan. Meastal binne der mear as sechstich skûtsjes, dy't sile yn ferskillende klassen.
Mei troch de oprinnende besmettingssifers en de nije coronamaatregelen sjogge de SKS en de belutsen gemeenten gjin kâns om it kampioenskip feilich te organisearjen. It grutste argumint fan de gemeenten is dat it publyk net tsjin te hâlden is.
"Yn Fryslân nimt it oantal besmettingen stevich ta", sei boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren, neidat earder op de dei dúdlik waard dat de IFKS it kampioenskip skrast hie.
"It giet net de goeie kant op", sei Veenstra. "En dan moatte wy ús knopen telle. De sitewaasje is 180 graden oars as foarige wike."
It docht sear, dat der net syld wurde kin
In wike lyn tocht de SKS noch dat it kampioenskip dit jier, mei in pear oanpassingen, wol trochgean koe. Foarsitter René Nagelhout sei doe dat der keazen wie foar konsesjes om dochs sile te kinnen. Op freed feroare dat. Yn in parsekonferinsje kundige premier Rutte nije maatregels oan.
"Het is niet leuk, maar wel noodzakelijk," sei Rutte doe. "Alles wees erop dat we ons konden opmaken voor een mooie zomer, maar er is toch een wolk voor de zon geschoven."