Krekt westlik fan it doarp Warten leit aktiviteitebuorkerij De Wartenster. "Myn famylje sit al mear as hûndert jier op dizze pleats", seit Jacob Nauta. By de buorkerij wurdt fan alles organisearre. "Wy farre troch De Alde Feanen, wy binne gasthear fan it Nasjonaal Park. Der is romte foar de kamping, mar ek foar feesten en partijen."
Warten is in prachtich moai doarp, sa fynt Nauta. "Rêst en romte, mar dochs krekt ûnder Ljouwert. It doarp is lyts, mar wol mei-inoar. Wy hawwe sport, in frijwilligersklup foar de pont, in aktyf doarpsbelang, allegearre ferieningen en klups. Der wenje leuke minsken yn Warten. As je troch it doarp hinne farre, dan sjogge je de âlde doarpskom. Mei hiel âlde húskes, it museum, de jachthaven en dêrnei farre je in griene oaze yn. Mar de reis begjint al as je yn it doarp binne."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei Jacob Nauta fan De Wartenster
As je út Warten wei it Prinses Margrietkanaal oerstekke, komme je yn de natuer terjochte. "De Alde Feanen binne prachtich: je kinne der tsien kear trochhinne farre en je sjogge tsien kear wat oars", seit Nauta.