Tsienzerbuorren oan de barbecue op N354: takom wike Snitserdyk wer iepen

Yn de buorskip Tsienzerbuorren wie tongersdei in barbecue, midden op de provinsjale dyk N354. It feestje wie net samar, mar it wie de ôfsluting fan de wurksumheden fan de provinsje oan de Snitserdyk.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Deputearre Avine Fokkens-Kelder, âld-foarsitter fan doarpsbelang Reduzum Otto van der Meulen, wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert en wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân wiene by it feest, dat mei omwenners holden waard.

Doarpsk karakter

Takom moandei is de Snitserdyk wer iepen foar ferkear. De dyk troch Tsienzerbuorren hat in karakter krigen dat mear doarpsk is. De ynrjochting moat better passe by de maksimumsnelheid fan 60 kilometer yn it oere. Omwenners hoopje dat bestjoerders harren oan de snelheid hâlde.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei bewenners fan Tsienzerbuorren
De dyk moat tenei hoe dan ek feiliger wêze. De N354 is in stikje opskood, sa't bewenners ek mear sicht hawwe as sy it hiem op of ôf ride. Yn it ferline lei de dyk deun tsjin de huzen oan, wat mei it oerstekken ûnfeilich wie.
Earder wie der noch wol krityk op de plannen mei de Snitserdyk: