FIDEO: Thúsakademy mei Ben Feringa
Gemikus en heechlearaar Ben Feringa (Barger-Compascuum, 1951) syn fakgebiet is molekulêre nanomasinen. Yn 2016 wûn er de Nobelprijs voor de Scheikunde. Yn dizze tredde ôflevering fan Thúsakademy fertelt er oer syn baanbrekkende ûndersyk.
Yn syn kolleezje fertelt er oer nanotechnology. Op molekulêr nivo makket er 'motors' dy't medisinen yn it lichem nei eksakt it goede plak witte te bringen en dy op it juste momint oan en út te setten, sadat medisinen folle presizer har wurk dwaan kinne.

Fragen
De lêzing wie yn de Hortustún achter it âlde akademygebou yn Frjentsjer. In groep skiekundelearlingen mocht fragen stelle dy't programmamakker Bart Kingma nei ôfrin mei de sprekker trochnaam.

Oer de Thúsakademy
Thúsakademy is in gearwurking fan Omrop Fryslân en Academie van Franeker, om it wichtige en faak wêzentlike wurk fan wittenskippers begryplik oer te bringen. In soad - foar de measte minsken - abstrakt en yngewikkeld ûndersyk kin foar ús allegear in konkreet belang tsjinje.
Yn 2017 is besletten om it ferline fan de Frjentsjerter Universiteit (1585-1811) yn de Academie van Franeker in ferfolch te jaan om wittenskip en maatskippij tichter by inoar te bringen mei publykskolleezjes.