Festival Welcome to The Village definityf net yn Griene Stjergebiet

It festival Welcome to The Village is dit jier definityf net yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert. De organisaasje ûndersiket alternativen.
In byld fan in eardere edysje fan Welcome to The Village © Omrop Fryslân Maaike van der Hoek
"Het kan wel eens iets heel anders worden dan wat we normaal doen. Dat zijn we nu aan het uitzoeken, ook met de stad. De gemeente denkt met ons mee", seit Eva van Netten fan de organisaasje.
It is de bedoeling dat it alternative programma yn it bekende festivalwykein holden wurdt. Dat is freed oer in wike.
In rjochter hat de fergunning fan it festival dizze wike ynlutsen, neidat in aksjegoep klage hie oer mooglike skea oan de natoer. Der moat noch in definitive útspraak komme, mar salang't dy der net is, is de fergunning net jildich.
"We hebben overlegd met de gemeente", seit Van Netten, "om te kijken waar nog beweging zit. Daar is duidelijk geworden dat we deze uitspraak niet naast ons neer kunnen leggen. We gaan kijken wat we onze bezoekers nog wel kunnen bieden."

Bûtenfestival 'hiel dreech'

De gemeente meldt dat de útspraak fan de rjochter as in dreun oankaam is. "Dit is dramatisch", seit wethâlder Hein Kuiken.
"Dit festival draagt bij aan de cultuur in Leeuwarden en Friesland. Het is voor ons een briljantje. Dat die op deze manier niet kan doorgaan, raakt niet alleen de organisatie, maar ook ons op het stadhuis."
Neffens Kuiken is it hiel dreech om in festival yn de bûtenloft te organisearjen, omdat dêr opnij in fergunning foar ôfjûn wurde moat. Dy tiid is der net. "We kijken naar wat er binnen nog mogelijk is."