Foeke Booy troffen troch harsenynfarkt

Technysk manager fan Cambuur Foeke Booy is sneintejûn troffen troch in harsenynfarkt. Dat hat de klup moandei bekendmakke. Hy wurdt op dit stuit ûndersocht yn it sikehûs, it liket nei omstannichheden reedlik mei him te gean.
© www.orange-pictures.nl
De Ljouwerter is al sûnt syn jeugd ferbûn oan Cambuur, en is sûnt 2017 aktyf as technysk manager by de Ljouwerter klup. De klup meldt dat er syn taken foarearst dellizze moat. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt nimt dy taken oant dy tiid op him.