Dielnimmers út de hiele wrâld begjinne oan Old Frisian Summer School

Dizze wike wurdt de twadde edysje fan de Old Frisian Summer School holden. Sa'n 50 dielnimmers út ûnder oare Koreä, Hongkong en de Feriene Steaten nimme dizze wike diel oan online lessen en harkkolleezjes oer it Aldfrysk, it Frysk sa't dat yn de midsiuwen praat waard.
© Old Frisian Summer School
De simmerskoalle wurdt organisearre troch Ryksuniversiteit Grins en de universiteit fan Oxford. It is de twadde kear dat de simmerskoalle holden wurdt. De earste edysje fan de simmerskoalle waard yn 2019 yn Oxford holden. It doel wie om de simmerskoalle it iene jier yn Oxford, it oare jier yn Nederlân te hâlden, mar troch de coronakrisis is dit jier keazen foar in online-simmerskoalle.

It Frysk fan de midsiuwen

Spesjalist op it mêd fan Aldfrysk en organisator fan de simmerskoalle Anne Popkema leit út wat Aldfrysk krekt is. "Wy hawwe no Frysk en dat hat der net altiten op dizze manier west, dat hat yn de midsiuwen hiel oars klonken, mar dat wie wis wol Frysk."
Dat it Aldfrysk noch hieltiten bestudearre wurde kin, hat der mei te krijen dat der stikken skreaun Aldfrysk bewarre bleaun binne. "Wy witte dat omdat se doe fan alles opskreaun hawwe yn âlde boeken en manuskripten, en dêrfan hawwe wy hjoed de dei noch in stik of wat."

Ynternasjonale ynteresse

Sa'n 50 studinten út de hiele wrâld sille dizze simmerskoalle folgje, mar de simmerskoalle is net foar elkenien bedoeld: "Dit is dochs wol echt spesjaal bedoeld foar studinten of minsken dy't mei in proefskrift dwaande binne, dy't in eftergrûn hawwe yn de âlde Germaanske talen."
Yn de midsiuwen like it Aldfrysk op it Aldingelsk, dy twa binne eins suskes fan inoar.
Anne Popkema
Nettsjinsteande de talittingskritearia, dogge dit jier wer in soad studinten mei. Popkema leit út hoe't dat kin: "Yn de midsiuwen like it Aldfrysk frij folle op it Aldingelsk, dy twa binne suskes fan inoar. Ingelsk is in wrâldtaal, dus dêr wurdt oer de hiele wrâld stúdzje fan makke oer it âldere Ingelsk. Dan sjochst dat as minsken dêr echt in protte fan witte wolle, se al gau sjogge nei watfoar taal dêr yn dy tiid wie dy't dêr op like. En dan komme se by it Frysk út."
De studinten krije de earste pear dagen les oer it Aldfrysk. "Se krije les oer hoe't dat oerdroegen is, hoe't it klonk en foaral ek efkes wat oersette." De lêste twa dagen wurdt djipper yngongen op it taalkontakt tusken it Aldfrysk en oare Germaanske talen lykas de foargongers foar it hjoeddeistige Saksysk en Nederlânsk.

Takomst fan de simmerskoalle

De Old Frisian Summer School is noch in pilot, mar Popkema kin him net yntinke dat de simmerskoalle net trochset wurdt. "Wy hawwe al hast dûbeld safolle dielnimmers as de earste kear, doe't it yn Ingelân wie. Wy witte no ek hoe't we dit online dwaan kinne, wat it berik folle grutter makket. It groeit allinnich mar, dus eins alle reden om troch te gean."
Anne Popkema oer de Old Frisian Summer School