Ryksadviseur Veldhuis kritysk oer Lelyline: Fryslân kiest ferkeard

Ryksadviseur fysike leefomjouwing Wouter Veldhuis is kritysk oer it saneamde 'Deltaplan voor het noorden', de ôfspraak om de Lelyline oan te lizzen yn kombinaasje mei de bou fan 220.000 ekstra wenten. Hy fynt dat it Noarden en ek Fryslân earst sels in takomstfyzje meitsje moatte. Veldhuis seit dat yn de FryslânDOK Spoarsykje oer de Lelyline dy't kommend wykein útstjoerd wurdt.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
Veldhuis fynt it Deltaplan in apart foarstel en hat it folgjende advys foar Fryslan: "Kies niet nu voor het importeren van een probleem dat je zelf niet hebt, om een spoorlijn binnen te halen. Volgens mij heeft Fryslân hele andere kwaliteiten, zoals rust en ruimte en mooie dorpen en kleine steden."
De ryksadviseur is fan betinken dat it Noarden en ek Fryslân earst sels in takomstfyzje meitsje moatte, foardat in yngripend beslút nommen wurdt oer de Lelyline yn kombinaasje mei de 220.000 ekstra wenten.
Veldhuis betwivelet ek oft de Lelyline Fryslân wol safolle opleverje sil. De spoarline is neffens him foaral yn it belang fan Grins en Amsterdam. In flugge trein hat ommers sa min mooglik tuskenstops. Hy hâldt sels rekken mei in flugge trein dy't tusken Amsterdam en Grins allinnich yn Lelystêd stilhâldt en yn heech tempo oan It Hearrenfean en Drachten foarby rydt. "Een vlugge trein die vaak stopt, is een trein die niet bestaat."
Neem over twee jaar een besluit. Kies dan en voer dat dan ook snel uit.
Wouter Veldhuis, ryksadviseur fysike leefomjouwing
Dat 'hiel Fryslân fan de spoarline profitearje sil', sa't de provinsje graach wol, sil net sa wêze, tinkt Veldhuis. "De sterke plekken die stations krijgen zullen nog sterker worden, de minder bereikbare plekken worden nog onaantrekkelijker. Zo werkt het: De winnaars worden nog grotere winnaars en bij de plekken die het moeilijk hebben trekt nog meer weg."
Veldhuis advisearret it Ryk om foaral net te fluch in beslút te nimmen oer de Lelyline en it Deltaplan. Hy fynt dat Nederlân der ferstannich oan docht om earst in takomstfyzje foar de romtlike oardering op lange termyn te meitsjen en de foarstellen fan de ferskate regio's njonken inoar te lizzen. "Neem over twee jaar een besluit. Kies dan en voer dat dan ook snel uit. Maar besluit nu niet om een spoorlijn aan te leggen vanwege een probleem dat je hebt met woningbouw,"
Wouter Veldhuis is lid fan it kolleezje fan ryksadviseurs. Dit advyskolleezje jout ministers 'gevraagd en ongevraagd' advys oer maatskiplike opjeften en de kwaliteit fan de romtlike omjouwing.
Ryksadviseur fysike leefomjouwing Wouter Veldhuis
FryslânDOK: Spoarsykje