SC Cambuur mei 23 spilers nei It Amelân, ôfskied fan Antonia

SC Cambuur nimt ôfskied fan Jarchinio Antonia. De oanfaller hat in ôfrinnend kontrakt en beide partijen hawwe dizze wike noch mei-inoar om tafel sitten, mar se binne der net útkaam. Dêrtroch giet Cambuur mei 23 spilers nei It Amelân, dêr't de klup it seizoen úteinset.
© Orange Pictures
"Ieder gaat zijn eigen weg, maar we houden wel contact", sa hâldt technysk manager Foeke Booy noch in slach om 'e earm wat Antonia oanbelanget. "Het budget is zodanig dat we andere keuzes moeten maken."
Antonia en in delegaasje fan Cambuur koene pas dizze wike om 'e tafel, om't hy de ôfrûne wiken yn aksje kaam foar it nasjonale alvetal fan Kurasao. Dizze wike wie de oanfaller efkes werom yn Nederlân en koene de saken bepraat wurde.
Ik zorg dat de auto in Holwerd staat.
Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur
Op it trainingskamp op It Amelân sille de nije oanwinsten Marco Tol, Sam Hendriks en Tom Boere foar it earst meitraine. Fierder binne der noch gjin nije spilers. Der geane ek noch seis manlju fan de beloften mei, sadat der yn totaal 23 spilers op de boat stappe. Woansdei reizgje de Ljouwerters nei it Waadeilân, freed komme se werom.
Njonken de technyske stêf sil ek Booy mei nei It Amelân. Mar, mocht der noch aksje wêze oangeande mooglike nije spilers, stapt er fuortendaliks op 'e boat werom. "Ik zorg dat de auto in Holwerd staat."