Omrop TIP: portret fan Reboelje yn Weromrop.tv

It nûmer 'Marije Maria' fan de Frysktalige popgroep Reboelje stiet al jierren yn de Fryske top 100, sels ek in pear kear op de heechste posysje. Yn dizze dokumintêre út 1999 fertelle de leden oer de begjinjierren fan de band en de teatrale foarmen dy't se mei har muzyk kombinearje.
It ynterview mei de manlju fan Reboelje yn 1999 © Omrop Fryslân
Reboelje is yn 1987 oprjochte. De band bestiet út Rommert Reitsma, Durk Hogendorp, Tsjerk Bootsma, Marius de Boer en Tiede Lanting. Al as jonkjes dreamden Durk en Tiede, beide fan Wommels, dat se oait nochris yn It Dielshûs yn har doarp spylje soenen. "Dy dream is no útkaam."
It earste optreden fan Reboelje wie in talintejacht yn Drinte. "We waarden dield earste", fertelt ien fan de bandleden. Datselde jier stiene se ek op Aaipop dat doe foar it earst organisearre waard. "As pauze-act, want de programmearring wie al rûn." It nûmer 'Deade man' spilen se mei wite maskers op.

Sfear

De muzyk wurdt betitele as 'teatraal, Frysk en serieus.' "It moat sfear hawwe", sizze de leden sels. Marius de Boer skriuwt de measte teksten. "As it my rekket yn de búk, wit ik dat it goed is. By it sjongen hearst oft it klear is. Dan begjint sa'n tekst wat te sizzen."
Reboelje yn 1999 © Omrop Fryslân
De Nederlânske radiomakker Henk Westbroek priizget it melodyske yn de muzyk. "Zo'n melodie blijft als een kleefpleister in je hoofd zitten en die heeft ook iets eigens. Dat kunnen die jongens."
De band siket nei nije mooglikheden en makket in konsept-cd nei oanlieding fan it boek Der Steppenwolf fan Hermann Hesse. Ek sykje se gearwurking mei oare keunstfoarmen lykas film en teäter.

Reboelje-firus

"Der sit krêft yn de muzyk, passy. It ferpletteret dy", seit in fan. "As je yn in dip sitte, komme je der mei har muzyk wer út", seit in oar. Wer in oar hat it oer it Reboelje-firus en is hast by alle optredens. "Ik kin der net mear sûnder."
Omrop Fryslân stjoert dizze wike alle jûnen op telefyzje in koarte ferzje fan in dokumintêre út it rike argyf út yn it programma Weromrop.tv. Te sjen om 17.15 oere en dan elk healoere yn de werhelling.
Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen; fan dokumintêres oant Sadwaande en fan Sybe Satellyt oant Sa seach ik Fryslân.