Read radioljochtskip fan Harns yn finansjele problemen

It radioljochskip Jenni Baynton sit finansjeel yn swier waar. It knalreade skip yn de haven fan Harns hat troch de coronakrisis gjin ynkomsten mear, mar it ûnderhâld giet wol troch. It skip is in tiid lang brûkt om radio te meitsje fan de see ôf.
It ljochtskip yn finansjele problemen:
It skip leit al mear as 15 jier yn de haven fan Harns, en as it oan Sietse Brouwer leit bliuwt dat ek noch wol efkes sa. Brouwer is de foarsitter fan de Stichting Vrienden van het Lichtschip en hy hâldt him drok dwaande mei de situaasje.

Troch oaren brûke

Hy makket him no dan ek grutte soargen. "Wy hawwe it altyd wat rêde kinnen troch de radio-útstjoeringen dy't hjir wei kamen. Dat wie al wat minder de lêste tiid, dus wy woene it skip sa meitsje dat it brûkt wurde kin troch oaren. Presintaasjes, eksposysjes, sokssawat."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Op 8 maart hat it skip in iepen dei hân mei in protte besikers, mar in dei letter gie alles op slot. "Sûnt dy tiid hawwe wy eins mar hiel min wurk dwaan kinnen."

Aksje hâlde

De stichting hat jild en frijwilligers nedich om it skip te ûnderhâlden. "Wy hawwe foar it lêst op it wetter west yn 2009, en offisjeel moat dat ien kear yn de 5 jier. Dus wy binne krekt te let. Dat kostet 15.000 euro", seit Brouwer. De stichting is no mei in aksje dwaande om it jild byinoar te krijen.

Maritime histoarje

Jenni Baynton is it iennige ljochtskip yn Nederlân mei in stjoermêst oan board. It moat dan ek net út de haven fan Harns ferdwine, seit Brouwer. "Hielendal as sy der skearmeskes en teeleppeltsjes fan meitsje. Dan giet dy foar it grut izer. It is in stikje maritime histoarje. Dat soe wol hiel skande wêze."