Boerderijenstichting Fryslân hâldt ferkiezing foar moaiste moderne buorkerij

Boerderijenstichting Fryslân set him gewoanwei yn foar it behâld fan monumintale en faak âlde buorkerijen. Mar de stichting bestiet 35 jier en dêrom is der no omtinken foar moderne buorkerijen. De stichting hat in ferkiezing opset foar de syktocht nei de moaiste moderne buorkerij fan Fryslân.
© Boerderijenstichting Fryslân
Eins waard de syktocht ferline jier al lansearre, mar doe kaam it coronafirus en waard de syktocht stillein. "Dat wie tige soer, wy hienen in prachtich jubileumprogramma makke. Mar it gie allegearre oer. Mar no pakke wy in part dochs dit jier noch út: dy syktocht nei de moaiste moderne buorkerij hawwe wy wer oppakt", fertelt foarsitter Piet Vellinga.

Entûsjamearje

Betingst is wol dat de pleats noch as agrarysk bedriuw yn gebrûk is. "Wy sille sels op 'en paad troch ús gea en as wy in moderne pleats tsjinkomme, dogge wy in briefke troch de bus. Sa hoopje wy dochs dat wy op in 30 pleatsen komme. Bestjoersleden hawwe al yn Weststellingwerf west, dus der hawwe al boeren sa'n brief krigen. Wy besykje ús entûsjasme oer te bringen yn in brief, dan is it oan de boeren om mei te dwaan", jout Vellinga oan.

It hiele ensemble

Der is dus mei opsetsit keazen foar it nijere type. "Der binne in soad âlde pleatsen, mar wy woene ek ris omtinken hawwe foar nije pleatsen. Wy hawwe nei 1990 oanholden: de gebouwen fan dizze tiid. In sjuery beoardielet it gehiel. Net allinne de stâl, mar it hiele ensemble. It hat ek in lânskiplik aspekt. It is in beoardieling op it gehiel fan de pleats en syn omjouwing."
Foar âlde pleatsen hat de stichting al sân kear ferkiezingen organisearre. Vellinga: "Dy besykje wy fansels yn stân te hâlden, mar wy moatte ek foarút sjen. Oer fyftich jier binne dizze moderne pleatsen wer de âlde pleatsen dy't yn stân hâlden wurde moatte."
Foarsitter Piet Vellinga fan Boerderijenstichting Fryslân