Ald-international Theo de Jong: "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden"

Theo de Jong fan Ljouwert spile fyftjin kear foar it Nederlânsk alvetal. Hy is ferwûndere oer it matige en nuete spul fan Oranje yn de wedstriid tsjin Tsjechië. Dat fertelt er yn de SportCast. "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden."
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Theo de Jong (1947) waard berne yn Ljouwert. Dêr hat hy de earste jierren fan syn libben trochbrocht. Dêrnei ferhuze er nei Amsterdam, dêr't er as fuotballer al gau yn 'e kunde kaam mei Johan Cruijff. "Je kon toen al zien dat het een geweldige voetballer was. Vreselijk goed", seit De Jong.
De âld-international út Ljouwert hat fyftjin ynterlannen spile en wie derby doe't Nederlân yn 1974 twadde waard op it WK. Hy makke op dat toernoai in goal tsjin Bulgarije en yn de finale tsjin West-Dútslân kaam hy as ynfaller yn it fjild foar Wim Rijsbergen.
De Jong, dy't as trainer de wrâld oer swalke is, hat yn 1992/1993 ek trainer west fan Cambuur. Nei goed oardel jier waard hy ûntslein en ferfongen troch Fritz Korbach. "Mijn vader zei nog: 'Doe het niet'. Maar ik deed het wel. Mijn vader werd in die tijd ernstig ziek, dus toen was het wel goed dat ik in Leeuwarden was."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.