De Fryske Boerepream koe wer kompetysjesile yn it jubileumjier

Op de Aldegeaster Brekken wiene sneon en snein foar it earst wer wedstriden yn De Fryske Boerepream Sylkompetysje. It waard tiid, want troch it coronafirus wie it al wer in moai skoft lyn. De feriening is wiis dat der yn it jier fan it 25-jierrich jubileum wer syld wurde kin.
In wedstriid fan feriening De Fryske Boerepream © Feriening De Fryske Boerepream
"It wie fantastysk, it wie super organisearre yn Aldegea", seit Errit de Jong. Hy sylt yn preamnûmer 47, de Utrinner fan Eastermar. "Sneon wie der net al te folle wyn, wy hawwe sa'n trije oeren wat op de mar omdobbere. Mar krekt foar trijen kaam de wyn en doe hawwe wy dochs twa moaie wedstriden syld. Wy hawwe in leuke dei hân: hartstikke moai dat wy it wetter wer op koene."

Dielnimmersferskaat

De Jong einige as fjirde. "Dêr wiene wy echt tefreden mei. Wy dogge no foar de fiifde kear mei. Der binne ek feteranen dy't al folle langer meidogge: guon dy't al 20 jier meisile. Mar it ferskaat it grut. It byt inoar net, dat is moai. Eltsenien kin goed mei-inoar."
It giet by De Fryske Boerepream om preammen fan it âlde type. "Om 2002 hinne binne der nije preammen kaam dy't laske binne, mar wy sile noch echt mei preammen dy't âlderwetsk klonken binne. Us preammen binne al sa'n 100 jier âld, dy draaie al in skoft mei."

Jubileumjier

De Fryske Boerepream bestiet sûnt 4 april 1996. Earst as stichting en sûnt 2002 as feriening. "Op 25 septimber hawwe wy yn Terherne in spesjale dei om grut út te pakken foar it jubileum. Dêr is it yn 1996 begûn, dêr is de earste sylpream omboud. Wy wolle der in moaie dei fan meitsje", seit De Jong.
Errit de Jong fan de Utrinner út Eastermar