Team Makkelie, mei syn Fryske assistinten, fluitet it EK-duel Ingelân-Dútslân

It team fan skiedsrjochter Danny Makkelie, mei de Fryske assistint-skiedsrjochters Hessel Steegstra en Jan de Vries, is troch de UEFA oansteld foar it duel yn de achtste finales tusken Ingelân en Dútslân. It wurdt de tredde wedstriid fan it trio op dit Europeesk kampioenskip fuotbal.
Jan de Vries, Hessel Steegstra en Erwin Zeinstra © Omrop Fryslân, Andor Faber
De wedstriid is tiisdei om 18.00 oere yn it Wembleystadion yn Londen. Earder hie Makkelie de lieding by de wedstriid tusken Italië-Turkije en dy fan Ruslân tsjin Finlân.
De oare Nederlânske skiedsrjochter Björn Kuipers, mei de Fries Erwin Zeinstra yn syn team, hat oant no ta twa kear yn aksje west. Hy is net oansteld foar in duel yn de achtste finales.