Man dy't wegere waard by begraffenis fan syn mem krijt selstraf nei bedriigjen famylje

In 53-jierrige man út Makkingea dy't syn famylje mei de dea bedrige, hat in finzenisstraf krigen fan acht moannen. Hy mei fiif jier gjin kontakt opnimme mei syn broer en sus.
© ANP
It bedriigjen fan syn famyljeleden begûn foarich jier, neidat dúdlik waard dat se him net by de begraffenis fan syn mem hawwe woene. De man wie ek lilk op de plysje, om't dy de famylje beskerme.

Gjin tbs, wol finzenisstraf

By de man binne ferskate fersteuringen fêststeld, mar hy wegere mei te wurkjen oan in klinyske opname. Dêrom easke de offisier fan justysje njonken in selstraf fan acht moannen ek tbs mei twangferpleging.
De rjochtbank tinkt dat in finzenisstraf genôch ôfskrikt. De man hat tolve moannen oplein krigen, dêr't fjouwer fan ûnder betingst binne, mei in proeftiid fan trije jier.