Fryslân krijt foarearst likernôch 6.800 Janssen-faksins

Der binne likernôch 6.800 Janssen-faksins beskikber foar Friezen. Dat seit GGD Fryslân. Sûnt woansdeitemoarn is it foar minsken dy't dat wolle mooglik om in ôfspraak te meitsjen foar dit faksin.
© Omrop Fryslân
In foardiel oan it Janssen-faksin is dat je mar ien prik hoege te heljen. It faksin is yn Fryslân allinnich te krijen yn Ljouwert en Drachten.
"Het is wel zo dat mensen die vrijwillig kiezen voor het Janssen-vaccin moeten aangeven dat ze zich realiseren dat ze een vaccin krijgen dat niet de eerste keus is", seit GGD-dokter Jeanette Provoost. Dat hat te krijen mei de seldsume mooglike bywurkingen fan it faksin by jonge minsken.

Oerbelêste

Yn totaal binne yn Nederlân foarearst 200.000 faksins beskikber. It telefoannûmer om in ôfspraak te meitsjen gie om 10.00 oere iepen. Direkt dêrnei rekke it troch de grutte belangstelling oerbelêste.
As alle faksins op binne, dan kinne minsken harren op in wachtlist sette litte. Dy minsken binne dan oan bar as in persoan him ôfmeld of as der nije faksins levere wurde.
Stafdokter Jeanette Provoost fan GGD Fryslân