PC giet definityf troch op 4 augustus mei fol Sjûkelân

De PC giet definityf troch op 4 augustus. Dat is yn in oerlis tusken de gemeente Waadhoeke, Veligheidsregio Fryslân en de PC besletten.
It hege wurd is der út, de PC giet troch:
De kommisje wie de lêste dagen drok dwaande om it foar inoar te krijen op de orizjinele datum, mar no is der ek definityf grien ljocht.
Foarsitter Ids Hellinga lit witte dat noch net alle details bekend binne, mar op It Sjûkelân sil it net oars as oars wêze. Dat betsjut dat de tribunen fol sitte sille. It plan is wol dat der mear tagongspoarten komme.
De kaartferkeap start op 10 july. Minsken dy't der by wêze wolle moatte in negative test hawwe, faksinearre wêze of resintlik corona hân hawwe. Dat moat oantoand wurde mei de CoronaCheck-app.
© ANP Foto