Undernimmersklups freegje Den Haag om aksje tsjin personielstekoart
As de goede ûntwikkeling fan it coronafirus trochset, begjint ús wurklibben hieltyd mear te lykjen as foar de útbraak fan it firus. Advizen om safolle mooglik thús te wurkjen jilde aanst net mear. Undernimmersferieningen VNO-NCW en MKB Noord sjogge ek alfêst foarút. Se roppe Den Haag op om oan de formaasjetafel ôfspraken te meitsjen oer de takomst foar Noard-Nederlân.

De partijen sitte al moannen om tafel, mar te let is de ferlanglist fan de ûndernimmersferieningen net, seit Joyce Walstra. "Zolang zij nog aan het formeren zijn, hebben wij tijd om ons wensenlijstje daar neer te leggen."
De ferieningen wolle ûnder mear de Lelyline en 220.000 nije huzen yn Fryslân. Dy plannen stiene ek al yn in hiel soad ferkiezingsprogramma's, mar dochs is de oprop neffens Walstra nedich. "Dat het in die verkiezingsprogramma's stond was natuurlijk een fantastische eerste overwinning, maar in die formatie en in die onderhandelingen die dan volgen kan er veel van tafel vallen", seit Walstra.
Tekoart
Neffens Walstra is der yn it Noarden op it stuit in tekoart oan minsken yn bepaalde sektoaren. "Dat zie je in de IT en techniek, zorg en welzijn, en onderwijs. Dat zijn de sectoren waar klappen gaan vallen in de komende jaren", seit Walstra.
"Dus we moeten zorgen dat er een infrastructuur en een woon- en werkgelegenheid gecreëerd wordt zodat we de goede mensen hier naartoe kunnen blijven halen", sa seit Walstra.
Joyce Walstra fan MKB Noord