Wiete waar soarget foar slachfjild ûnder earrebarrepykjes

Foar greidefûgels wie de wiete maitiid wol noflik, mar lang net alle pykjes ha ferlet fan rein as se grut wurde moatte. Foar earrebarren wie it in minne tiid. Jonge pykjes waarden it slachtoffer fan it wiete waar: der bleaunen folle minder jongen oer as oars.
Wiete waar soarget foar slachfjild ûnder earrebarrepykjes
"Wat populaasje oangiet, giet it goed mei de earrebarren, mar ast sjochst nei it tal jongen dit jier sitte we ûnder it gemiddelde", seit Haye Folkertsma fan stichting It Eibertshiem yn Earnewâld.
"Mei Pinkster ha we ekstreem kâld en wiet waar hân, dêr kinne de jonge earrebarren net goed oer. As se trije dagen achter elkoar wietreine en it is mar tsien graden, dan binne se kwetsber en gean se frij gau dea. It tal jongen is yn dy pear dagen mei de helte minder wurden. De âlders dekke it nêst wol ôf, mar as de jongen wat grutter wurde en fearren krije, dan reine se dochs wiet."
Yn Fryslân binne dit jier sa'n 150 pearkes, lanlik binne it der 1.200. Folkertsma makket him gjin soargen oer de fûgelstân. "It fluktuearret bot. Yn 2017 wie it ek dramatysk en hienen we in soad deade jongen. Mar in jier letter wienen der doe wer in soad pykjes."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Haye Folkertsma