De Fryske Marren ferlient mei tsjinsin fergunning foar seismysk ûndersyk

It kolleezje fan de gemeente De Fryske Marren hat 'mei tsjinsin' in fergunning ferliend foar seismysk ûndersyk yn de grûnlagen. De fergunning is oanfrege troch Vermilion Energy. Foar ierdwaarmte. Mar Vermilion is wol in gaswinbedriuw.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Vermilion wol mei it ûndersyk yn kaart bringe oft der in kâns is om bygelyks ierdwaarmte en ierdgas te finen yn de grûn. De fergunning wie yn 2020 al 'fan rjochtswege' ferliend. Vermillion hie no frege om de perioade fan it ûndersyk te ferromjen omdat de planning feroare is.
It ûndersyk sil plakhawwe tusken 1 augustus dit jier en 15 maart takom jier. De wurksumheden sille likernôch trije moannen duorje.

Tsjinsin

It kolleezje en de gemeenteried binne net foar gaswinning. De ried hat him al yn 2015 útsprutsen tsjin gaswinning en tsjin de byhearrende tariedende wurksumheden yn de gemeente, sa seit wethâlder Frans Veltman. Mar it kolleezje 'seach gjin romtlike relevante arguminten' om yn dit gefal de fergunning te wegerjen.
Veltman: "Jo moatte arguminten hawwe om it tsjinhâlde te kinnen. Ferline jier hat rjochter bepaald dat dy der net mear binne." Der is in konsesje dy't noch út de jierren '80 stamt en dy't alle jierren ferlinge wurdt. De gemeente hat yn it ferline prosedearre tsjin it ministearje fan Ekonomyske Saken en ferlern. "Dus wetlik besjoen mei de gaswinning út de grûnlagen", seit Veltman.
"Wy kinne net oars as de fergunning ferliene, ek al binne we poer tsjin op gaswinning en sjogge we mear yn duorsume enerzjy. Soms binne je ferplicht om in fergunning te ferlienen omdat der gjin arguminten binne om it net te dwaan."
Vermilion hat fergunning oanfrege foar ûndersyk nei ierdwaarmte, mar it is wol in gaswinbedriuw.
Wethâlder Frans Veltman
As it om lûds- of trillingshinder gien wie, hie de fergunning wol wegere wurde kinnen, want dêr giet de gemeente oer. Mar yn dit gefal giet it om ûndersyk fan grûnlagen, yn frijwol de hiele gemeente De Fryske Marren. As dêr gas fûn wurdt, kin foar de winning wer in nije fergunning oanfrege wurde.
En boppedat: it ûndersyk dêr't Vermilion no in fergunning foar oanfrege hat, is benammen foar ierdwaarmte, seit Veltman. "Mar Vermilion is wol in gaswinbedriuw."

Undergrûn is fan de Nederlânske steat

It Ryk wol safolle mooglik lytse gasfjilden leechhelje. It is oan gemeenten om fergunnings ôf te jaan, mar dy jilde allinnich foar de boppegrûnske aktiviteiten. It Ryk giet oer wat yn de grûn sit.

Ferfolchstappen

De fergunning seit neat oer eventuele proefboarringen of de echte gaswinning. Foar dy eventuele ferfolchstappen moatte nije fergunningsprosedueren trochrûn wurde.