PC-foarsitter Ids Hellinga: "PC op it Sjûkelân komt ticht by it 'âlde normaal'"

De wichtichste keatspartij fan it jier, de PC yn Frjentsjer, giet dit jier wol troch. De organisaasje is drok dwaande om de dei te organisearjen op 4 augustus, mar fanwegen de coronamaatregels binne noch wol wat saken ûnwis. PC-foarsitter Ids Hellinga hat der bot nocht oan. "We gean de útdaging oan om der in moaie dei fan te meitsjen. Ferline jier koe it net trochgean. We gean der no mei dûbelde enerzjy yn."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
"We stean yn de startblokken om de PC te organisearjen, yn watfoar foarm sil de kommende wiken dúdlik wurde moatte. We kinne de dei yn seis wiken organisearje en safolle tiid is der no ek noch oant de datum. It wurdt wol wat spannend no", seit PC-foarsitter Ids Hellinga.
Hy is optimistysk. "We tinke dat de PC op it Sjûkelân ticht by it 'âlde normaal' komt, mar de PC-dei is mear as wat op it Sjûkelân bart. Ek alles deromhinne makket de dei. Dat sil wol in wat soberder foarm wêze, mar hoe't dat krekt foarm krijt, sille we de kommende wiken beprate mei oare partijen lykas helptsjinsten, de Veiligheidsregio en de gemeente."

Fjildkaarten mooglik ek yn foarferkeap

"De PC wurdt ferkeatst mar dêr heart eins safolle mooglik publyk by en mei de nije maatregels liket dat geunstich. We tinke deroer om de fjildkaarten, dy't oars altyd op de dei kocht wurde koenen, no krekt as de tribunekaarten inkeld yn de foarferkeap te dwaan. De saken op it Sjûkelân kinne we kontrolearje neffens de regels fan de oerheid. Dêrbûten wurdt dat in stik lestiger. We moatte gjin publyksstromen op gong bringe."
Ids Hellinga