Learlingen Tjalling Koopmans College fiere aksje om skorste dosint te behâlden

Learlingen fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp hawwe tiisdei dúdlik makke dat se it net iens binne mei it op non-aktyf stellen fan de populêre ierdrykskunde-dosint Bert Mul. In groep learlingen fan klasse 4 en klasse 5 rûn tiisdei troch skoalle mei de tekst #BLB op 'e earm. BLB is de ôfkoarting foar 'Be like Bert'.
Learlingen fan it Tjalling Koopmans College fierden aksje:
De learlingen wolle sa de skorste dosint in hert ûnder de riem stekke en ek blike litte dat se it net iens binne mei de gong fan saken op skoalle. Guon learlingen hongen ek protestaffysjes op, mar dy waarden hiel gau wer fuorthelle op gesach fan de skoallieding. Mul waard skorst nei oanlieding fan in kritysk ynterview by Omrop Fryslân.

Fakbûn stiet achter dosinten

Groepen learlingen en âlders hawwe letter op de dei oerlis oer hoe't se it bêste omgean kinne mei de situaasje op skoalle. De rebûlje op skoalle is net goed foar it learklimaat, fynt ek Marja de Bree fan ûnderwiisfakbûn Aob. It fakbûn hat alle dosinten op skoalle oanbean dat se harren wol bystean wolle yn gefal fan konflikten mei de skoallieding.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de situaasje op de skoalle yn Hurdegaryp
Dosint Bert Mul kriget ek juridyske help. It Aob hat woansdei yn Utrecht oerlis oer de situaasje op alle acht skoallen fan ûnderwiiskoepel SVPO (School voor Persoonlijk Onderwijs). Neffens De Bree is de fêstiging yn Hurdegaryp mei 370 learlingen lang net de iennichste dêr't problemen binne. De Bree omskriuwt de situaasje op de skoallen as 'onveilig voor docenten'.
De SVPO hat ek spul mei de ûnderwiisynspeksje. De ynspeksje wol in kritysk rapport oer SVPO iepenbier meitsje. De skoalle is nei de rjochter stapt om dat tsjin te hâlden.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust prate ôfrûne sneon mei Bert Mul
De learlingen ha in ferklearring op papier set:
Wij als leerlingen van het Tjalling Koopmans College zijn goed op de hoogte over de huidige problemen bij ons op school. Wellicht zijn we op sommige gebieden te goed op de hoogte over problemen die ons niet aan zouden moeten gaan. Helaas is dit wel het geval, de problemen tussen het schoolbestuur en docenten reflecteren indirect terug op ons. In gesprekken met de schoolleiding kom je niet veel verder, behalve dat ze het vertrek van onze toch wel geliefde docenten aan juichen. Op het concept van onze school hebben wij de nodige kanttekeningen, maar die zijn op dit moment niet het meest belangrijk. Het belangrijkste voor ons op dit moment is dat wij niet stil willen blijven, maar wij ons ook niet uit kunnen spreken vanwege de zo genoemde "angst cultuur" die heerst op het TKC. Veel meer dan anoniem en via stil protest dingen doen is voor ons niet mogelijk aangezien wij nog op school zitten en ook niet kunnen wisselen van scholen.
Wij gaan volgend jaar onze docenten enorm missen. Zij hebben het afgelopen jaar (sommigen zelfs jaren) niks kunnen doen of zeggen omdat ze ons niet willen benadelen. Bij ons op school is de band tussen docenten en leerlingen erg persoonlijk. Deze band is vaak ook heel diep. Het feit dat wij bijna al onze docenten verliezen doet pijn. Het feit dat onze Aardrijkskunde docent op non-actief is gesteld en wij daar via Twitter achter moeten komen en tot op de dag van vandaag daar nog niks over hebben gehoord doet pijn. Wij voelen ons niet serieus genomen door de mensen die onze complete schoolcarrière in hun handen hebben.
Wij hopen dat het bestuur met een fris docenten team wel beter gaat communiceren zodat dit in de toekomst kan worden voorkomen.