Boerd oer tuorreboute-eksperimint ûntbleate by Westergeast

Kinne tuorrebouten, ek wol reidsigaren, bydrage oan it behâld fan it feangebiet yn 'e regio? En ek soargje foar in alternative ynkomsteboarne foar boeren? It projekt Better Wetter docht dêr ûndersyk nei, ûnder mear mei in tuorreboutefjild by Westergeast. By dat fjild is moandeite in ynformaasjeboerd oer it projekt ûntbleate.
Net allinne by Westergeast, mar ek by Mûnein, Koatstertille en Ryptsjerk binne buorden oer it tuorrebouteprojekt pleatst. Mei de plant wurdt troch it projektteam fan Better Wetter in soad eksperimintearre. It fjild by Westergeast waard ferline jier oanlein op it lân fan boer Jan Hania. Yntusken groeie de planten dêr goed en kinne se ein dit jier rispe wurde.

Isolaasjemateriaal

Der wurdt ûnder mear ûndersocht oft de tuorrebouten it ferdwinen fan fean tsjingean kinne en de útstjit fan CO2 beheine. Ek wurdt sjoen oft de planten geskikt binne as isolaasjemateriaal, bygelyks foar spoumuorren. Boubedriuw Dijkstra Draisma eksperimintearret dêr al mei by it stasjonsgebou fan Feanwâlden.
De buorden binne pleatst om fytsers en kuierders te ynformearjen oer de lokaasje en it projekt Better Wetter.
© Jantsje Wiersma, RTV NOF